Fransiskanen

Ut Wikipedy
Aldste ôfbyld fan Fransiskus fan Assisy

Fransiskanen of minderbruorren binne folgelingen fan in kristlike religieuze oarder, stifte troch de Hillige Fransiskus fan Assisy. De út it Italjaanske Umbrje kommende (Sint) Fransiskus bringt syn libben troch yn tsjinst fan de earmen. Hy stiet bekend as bistefreon. Dieredei falt op syn stjerdatum: 4 oktober.

Hy sammelt in groep fan tolve learlingen om him hinne dy't hy nei Rome liedt. Yn Rome freget hy om de segen fan Paus Innocentius III. De paus jout harren syn segen, op kondysje dat de leden fan de oarder geastliken wurde en in oerste oanstelle. Fransiskus wurdt lieder. De leden fan de religieuze groepearring trekke rûn as prekers en tsjinstferlieners en libje yn earmoede en soberheid. It oantal leden groeit.

Nei de dea fan Fransiskus yn 1226 wurdt de basilyk en byhearrende kleaster yn Assisy boud. De paus ferklearret him hillich yn 1227. Noch yn deselde iuw telt de oarder mear as tritichtûzen folgelingen.

De Fransiskanen groeie yn hiel Europa út ta in wichtich ynstitút. Yn de sechtjinde iuw wurdt de oarder yn twaen splitst: de konventuelen en de observanten. Letter splitst in tredde groep him ôf, dy fan de Kapusinen.

Neffens de twadde regel fan Fransiskus, dy't yn 1223 troch de paus goedkard wurdt, binne hearrichheid, earmoede en keinens de deugden fan de Fransiskanen. De froulike staach wurdt nei Klara, in tiidgenoat fan Fransiskus, Klarissen neamd. Fjouwer roomsk-katolike pausen komme út de oarder fan de Fransiskanen.

De oarder fan de Fransiskanen spilet in wichtige rol yn de joadeferfolging. Yn de Midsiuwen preekje de Fransiskanen tsjin de joaden. Ek sette se har mei de oarder fan de Dominikanen yn foar it tapassen fan de Ynkwisysje tsjin joaden. Yn de Twadde Wrâldoarloch wurkje East-Europeeske leden fan de oarder aktyf mei de nazy's gear by de útrûging fan it joadendom. [1]

Ek yn it Israel fan no binne de Fransiskanen aktyf: nammens de rk-tsjerke beheart de oarder der in oantal kristlike hillige plakken, lykas de Hôf fan Getsemané. Fanút dat belang set de groep him yn om it toerisme nei Israel te befoarderjen. Sa ropt de oarder leauwigen op in pylgertocht nei it Hillige Lân te ûndernimmen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Sjoch: Hitlers vrome paus , http://www.gebladerte.nl/10701f42.htm