Meksiko-Stêd

Ut Wikipedy
Meksiko-stêd
De Paseo de la Reforma sjoen fanôf Chapultepec.
De Paseo de la Reforma sjoen fanôf Chapultepec.
Polityk
Lân Meksiko
Sifers
Ynwennertal 9.209.944 (2020)
Oerflak 1485 km²
Befolkingsticht. 5.960,3/ km²
Hichte 2240-3990 m
Oar
Stifting *13 maart 1325: Tenochtitlan
  • 13 augustus 1521: Ciudad de México
  • 18 novimber 1824: Federaal distrikt
Tiidsône CST, (UTC-6)
Simmertiid CDT (UTC-5)
Koördinaten
Offisjele webside
Offisjeel webstee

Meksiko-Stêd (Spaansk: Ciudad de México of México D.F., Ingelsk: Mexico City), faak Meksiko (Spaansk: México) neamd, is de haadstêd fan Meksiko. Bestjoerlik besjoen is Meksiko itselde as it Federaal Distrikt (Spaansk: Distrito Federal, D.F.), en gewoanwei wurdt de stêd faak D.F. neamd. Meksiko-stêd is ien fan de grutste stêden yn de wrâld. It Federaal Distrikt hat 8,8 miljoen ynwenners, de agglomeraasje Meksiko-stêd, dat ek parten fan de dielsteat Meksiko beslacht, hat goed 20 miljoen ynwenners. Meksiko-stêd lei yn de Delling fan Meksiko op 2240 meter boppe de seespegel en is it politike, ekonomyske en kultuerele sintrum fan it lân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd waard yn 1325 as Tenochtitlan troch de Azteken stifte. De leginde wol hawwe dat har stamgod Huitzilopochtli it plak oanwiisde dêr't de op dat stuit noch nomadyske Azteken har festigje moasten, troch in earn op in kaktus in slang opfrette te litten. It tafreel stiet ôfbylde op it wapenskild fan de flagge fan Meksiko. Dat barren wie op in eilân yn it Tekskokomar, dat dêr stiften de Azteken har haadstêd. De stêd wreide him rillegau út oer oare eilannen yn de mar, sadat der in soarte fan Feneetsje ûntstie. Op har hichtepunt hie Tenochtitlan 200.000 oant 300.000 ynwenners en wie it op Parys en Konstantinopel nei de grutste stêd fan de wrâld.

Yn 1519 berikte de Spaanske konkwistadore Hernán Cortés de stêd. Yn it earstoan waard er freonlik wolkom hjitten, mar letter waard er de stêd útjage. Nei in belis fan moannen joech de stêd har op 13 augustus 1521 oer. It waard de haadstêd fan it ûnderkeninkryk Nij-Spanje en nei 1821 fan it selsstannich Meksiko, alhoewol't út reden fan boargeroarloggen oare stêden tydlik ek haadstêd west hawwe. Yn 1847 waard Meksiko-stêd beset troch de Amerikanen en yn 1863 troch de Frânsen.

Yn de 20e iuw naam it ynwennertal tige ta, en wie de stêd in skoft de grutste fan de wrâld. Yn 1968 waarden de Olympyske Spullen yn Meksiko-stêd organisearre, mar dat jier bringt yn Meksiko fral it bloedbad fan Tlatelolco te binnen, dat twa wiken foar de iepening fan de Spullen barde. Op 19 septimber 1985 waard de stêd rekke troch in swiere ierdskodding (it episintrum lei besuden de stêd yn Michoacán), dêr't 5.000 (neffens de regearing) oant 20.000 deaden by foelen. Boppedat rekken tsientûzenen dakleas.

Yn 1997 waarden demokratyske herfoarmingen trochfierd; boargemaster en distriktsrieden waarden tenei troch it folk keazen.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al sûnt it begjin fan de Kristlike jiertelling is de Delling fan Meksiko ien fan de meast tichtbefolke gebieten fan it Amerikaansk kontinint. De agglomeraasje Meksiko-stêd hat no sa'n 20 miljoen ynwenners, it Federaal Distrikt 6,5 miljoen. It ynwennertal fan it Federaal Distrikt is sûnt 1980 sa'n bytsje gelyk bleaun, mar de foarstêden groeie noch omraak. It migraasjesaldo fan it sintrum fan de stêd is licht negatyf.

It Federaal Distrikt is it gebiet mei it heechste ynkommen de persoan en mei de heechste yndeks fan minsklike ûntjouwing fan Meksiko. De wiken yn it westen fan de stêd (Polanco, Condesa, Las Lomas de Chapultepec, San Ángel) hawwe yn it generaal de measte wolfeart; de wiken yn it easten op de earde marboaiem binne it earmst. Dy east-westferdieling fan wolfeart jildt ek foar de foarstêden, de eastlike foarstêden Sancristóbal Ecatepec de Morelos, Ciudad Nezahualcóyotl en Chalco jilde as earm, wylst Tlalnepantla, Naucalpan de Juárez en Ciudad López Mateos it relatyf better dogge.

De taal dy't it meast sprutsen wurdt is it Spaansk. Fanâlds wurdt ek Nahuatl yn Meksiko-stêd sprutsen. Op it heden binne der noch mar 37.450 persoanen, dat is 0,44 prosint, dy't Nahuatl as memmetaal hawwe. Oare yndiaanske talen dy't dêr sprutsen wurde binne Otomí, Miksteeks, Zapoteeks en Mazahua. De lju dy't dy talen brûke komme út oare dielen fan Meksiko. Hurde sifers binne der net, mar der wurdt tocht dat Ingelsk en Dútsk minstens likefolle sprekkers hawwe as de yndiaanske talen.

90 % fan de befolking is roomsk-katolyk, 7 % hat in oare godtsjinst en trije persint hat gjin religy. Dy sifers binne sa'n bytsje gelyk as dy fan it oarepart fan Meksiko.

Berne yn Meksiko-Stêd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Meksiko-Stêd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Angel de la Independencia

Ien fan de meast besochte plakken yn Meksiko-stêd is it Zócalo, dêr't de Azteekse templo mayor, it Nasjonaal Paleis en de Spaanske katedraal húsmanje.

De Avenida de los Insurgentes, dy't noard-súd troch de stêd rint, soe de langste avenue yn de wrâld wêze. De Avenida krúst yn it sintrum de Paseo de la Reforma, dy't wol de 'Seine fan beton' neamd wurdt. Op rotondes yn de Paseo steane tal fan monuminten, sa as de Ángel de la Independencia, dat ek tsjinnet as mausoleum foar in tal ûnôfhinklikheidsstriders. Oan de Paseo de la Refoma stiet ek de Torre Mayor, it heechste gebou fan Latyns-Amearika. Oan de westkant fan de Paseo leit Chapultepec, in grut park op in hichte. Fanâlds is dat it plak dêr't de ynwenners ferdivedaasje sykje; de Azteekske keizers hienen dêr al in residinsje en de Spaanske ûnderkeningen lieten dêr it Paleis fan Chapultepec sette. Nei de ûnôfhinklikheid waard it paleis een kazerne, en noch wer letter it paleis fan keizer Maksimiliaan. No is it in museum. It Nasjonale Antropologymuseum, dat in grut tal bysûndere pre-Kolumbiaanske foarwurpen hat, stiet yn dit park, lykas de residinsje fan de presidint, Los Pinos.

Fierder nei it noarden, yn Tlatelolco, de âlde Azteekske merkstêd, leit it Plein fan de Trije Kulturen. Dêr tichtby is ek de Basilyk fan Guadalupe, boud nei de ferskining fan de Faam fan Guadalupe yn 1531 op dat stee. De basilyk lûkt jierliks miljoenen pylgers.

De keunstnerswiken Coyoacán en San Ángel lizze yn it suden fan de stêd. Dêr binne in protte skilderingen fan Diego Rivera te sjen, mar ek skilderingen fan oare muralisten binne yn de hiele stêd te finen. Ek yn Coyoacán lizze de kampus fan de Nasjonale Autonome Universiteit fan Meksiko en it Aztekenstadion. Coyocán wie ek de wyk dêr't Leon Trotski fermoarde waard. Syn eardere wente is no in museum. De binnenstêd fan Meksiko is mei Xochimilco opnaam yn de list fan Wrâlderfgoed fan de UNESCO.

Swierrichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Satellytfoto

Meksiko-stêd is boud yn de Delling fan Meksiko en wurdt oan alle kanten omjûn fan fulkanen (û.o. de Popocatépetl). Dat hat fan gefolgen dat loftfersmoarging, sa as smog hingjen bliuwt. Fral winterdeis, as de loft boppe it dal kâld is en de waarme lucht út de stêd (troch ynversje) net opstige kin, is de luchtfersmoarging slim. De Popocatépetl, dy't yn de Azteekske en koloniale perioade út de stêd wei goed te sjen wie, kin no troch de smog allinne noch út en troch sjoen wurde.

De ynstabile ûndergrûn foarmet ek in miljeuprobleem. Doe't de Azteken Tenochitlan stiften bestie de stêd út eilantsjes yn de Tekskokomar. Dat mar is yn de rin fan de iuwen opdrûge of drûchlein. De grûn is lykwols noch altyd ynstabyl, op guon plakken sakket de stêd 25 sintimeter it jier. De Ángel de Independencia bygelyks, hat al in paer kear ekstra treppen krige om boppe de grûn te bliuwen. Trochdat de stêd sa leech leit, wurdt de ôffier fan ôffalstoffen tige behindere. Wat der oer is fan de Tekskokomar is dêrtroch tige fergiftich en dat soarget wer foar swierrichheden yn de drinkwetterfoarsjenning. Der is wolris útsteld om in piiplieding fan Veracruz oan de Golf fan Meksiko nei Meksiko-stêd oan te lizzen om it wetterprobleem op te lossen, mar it die bliken dat dat net te dwaan en in slompe jild kostje soe.

In protte wenwiken hawwe in soad kriminaliteit en der binne in protte strjitbern, neffens guon sifers wol 50.000. Meksiko hat it op ien nei heechste oantal ûntfieringen de 100.000 ynwenner fan de wrâld. De kriminaliteitssifers sakje wol wat, mar de - korrupte - plysje kin it probleem noch altyd amper oan. It oantal moarden yn Meksiko-stêd is lykwols relatyf leech foar sa'n grutte stêd.

Metrobús (Meksiko-Stêd)

In oar soarte probleem is de ferkearsgaos. Meksiko-stêd is al ien fan grutste stêden yn de wrâld, mei 22 miljoen ynwenners, en waakst noch hieltyd. Dêr is wol in wiidweidich metrosysteem mar yn de spitsoeren kin dy it tal reizgers amper oan. Nije metrolinen of oare foarmen fan iepenbier ferfier binne faak al efterhelle op it stuit dat se klear binne, alhoewol't okkerdeis in oantal eksperiminten mei heechweardich iepenbier ferfier de druk wol wat fan de tsjettel helle hawwe.

De lofthaven fan de stêd is Benito Juárez International Airport, der is in metrosysteem en der ride trolleybussen.

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nasjonale Autonome Universiteit fan Meksiko (UNAM)

De Nasjonale Autonome Universiteit fan Meksiko (UNAM) is mei benei 300.00 studinten de grutste universiteit fan de stêd en sels fan hiel Latynsk-Amearika. De foarnaamste kampus fan de UNAM, Ciudad Universitaria, is fêstige yn it suden fan de stêd. It Nasjonaal Polytechnysk Ynstitút (IPN), dat him meast rjochtet op de technyske wittenskippen, is de twadde universiteit fan de stêd. Yn 1976 waard in nije universiteit oprjochte om de groeiende fraach nei heger ûnderwiis yn de mjitte te kommen: de Autonome Metropolitaanske Universiteit (UAM). De UAM hat trije kampussen, yn it noarden (Azcapotzalco), yn it súdeasten (Iztapalapa) en yn it suden (Xoximilco). Yn 2002 rjochte Andrés Manuel López Obrador fannijs in stedsuniversiteit op, de Autonome Universiteit fan Meksiko-Stêd (UACM). Oare ferneamde universiteiten binne it Kolleezje fan Meksiko, it Technologysk Autonoom Ynstitút fan Meksiko (ITAM) en de Ibero-Amerikaanske Universiteit.

Media[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meksiko-stêd is it sintrum foar de Meksikaanske media. De measte grutte kranten, dêr't El Universal, Reforma, Excélsior en La Jornada ûnder binne, hawwe har haadkantoar yn Meksiko-Stêd, krekt as de telefyzjeomroppen Televisa en TV Azteca.

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aztekenstadion

De stêd is de thúsbasis foar mear as ien fuotbalklup, sa as Club América, Atlante, Cruz Azul en Pumas UNAM. Tn it Aztekenstadion, thúsbasis fan América en Atlante, is twaris de finale fan it wrâldkampioenskip fuotbal organisearre. Op de kampus fan de Nasjonale Autonome Universiteit fan Meksiko is it Universitêr Olympysk Stadion, thúsbasis fan de Pumas UNAM en boud foar de Olympyske Spullen fan 1968. De hurdfytsbaan fan Meksiko-stêd is de heechst lizzende fan de wrâld. Omdat de loftwjerstân dêrtroch leech is, wurd dêr faak besocht it wrâldoererekord te ferbrekken. U.o. Eddy Merckx, Francesco Moser en Leontien van Moorsel hawwe hjir it wrâldoerekord ferbrutsen.

Partnerstêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]