Ierdskodding

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Yamba bridge, Chuetsu, nei ierdskodding yn 2004
Ferdieling fan ierdskoddingen (boarne: USGS)

In ierdskodding is in trilling of skokkende beweging fan de ierdkoarste. Ierdskoddings fine plak as der yn de ierdkoarste heapsteaps in soad enerzjy frijkomt. De enerzjy plantet him dan yn in weachbeweging fanút it sintrum fuort nei de omjouwing. It sabeare punt wêr't de skodding ûntstiet, it swiertepunt fan de enerzjytichtens, hiet it hyposintrum. It punt oan it ierdoerflak dêr leadrjocht boppe wurdt it episintrum neamd. In line fan likense skoddingyntensiteit om in episintrum hjit in ysoseist. Seismology is de wittenskip fan ierdskoddings.

It meastpart fan de ierdskoddingen komt foar yn de ierdkoarste oant in djipte fan ûngefear 30 kilometer. Der komme lykwols ek skoddingen foar op djipten oant om-ende-by 700 kilometer. De measte ierdskoddingen komme foar rûnom de Grutte Oseaan, yn it Middellânske Seegebiet, yn de Himalaya en Yndoneezje. Ek midden yn oseanen komme geregeld skoddingen foar. Ierdskoddingen dy't ûnder de seespegel ûntstean wurde, minder korrekt, ek wol seeskoddingen neamd. Dizze kinne in floedweach of tsûnamy as gefolch krije.

Swiere ierdskoddingen mei of sûnder tsûnamy's feroarsaken faken in protte slachtoffers en grutte skea.

Oarsaken fan ierdskoddingen[bewurkje seksje | edit source]

In soad ierdskoddingen hingje gear mei ynterne stadige bewegingen fan de ierdkoarste. Op grutte skaal giet dat om ierdskollen dy't stadichoan ten opsichte fan inoar bewege (platetektonyk). Op lytsere skaal fynt der ek binnen de platen deformaasje plak.

Troch dizze relative beweging wurdt spanning opboud yn de koarste. As de spanning sadanich heech wurden is kin der skokkenderwiis oan it materiaal oan wjersiden fan in brek yn de koarste optrede: de ierdskodding. Hjirby wurdt (in part fan) de opboude spanning ûntladen.

Faak komme nei de ierdskodding lytske neiskoddingen, dy't noch inkele oeren nei de earste skodding fielber binne. Dizze neiskoddingen binne it gefolch fan spanningsûntladingen op oare tichteby lizzende parten fan deselde brek of op oare tichtbye breuken.

Lytse ierdskoddingen binne it gefolch fan fulkanyske aktiviteit (fulkanyske ierdskoddingen) of ûntstean troch ynstoarting fan holtes yn kalkstienformaasjes of minen (ynstoartingsskoddingen).

Minsklik yngripen kin skoddingen feroarsaakje. De boaiemdaling troch de winning fan ierdgas bringt ierdskodden tewei. Dat fenomeen docht him ûnder mear foar yn de provinsje Grinslân by it doarp Loppersum.

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Earthquake en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.