Teheran

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Utsjoch op it noarden fan de stêd

Teheran (Perzysk: تهران, Tehran) is de haadstêd fan Iran. De stêd leit yn it noardlike part fan it lân oan de foet fan de Elboers. Yn Teheran wenje 10 miljoen minsken en mei de foarstêden derby nei skatting 13 miljoen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Geografy

Teheran leit op in hichte dy't fariearret fan om-ende-by 1100 meter yn it súdlike diel fan de stêd oant 1750 meter yn it noardlike.

Teheran hat in lânklimaat mei grutte temperatuerferskillen tusken simmer en winter fariearjend fan -9ºC as minimumtemperatuer yn jannewaris oant +42ºC as maksimumtemperatuer yn augustus. Yn de winter falt geregeld snie yn de stêd.

[bewurkje seksje] Skiednis

Oer Teheran wurdt foar it earst skreaun yn de 11e ieu f.Kr., út argeologyske opgravings docht lykwols bliken dat de earste bewenners har sa om 3000 f.Kr. hinne der fêstigen. Eartiids wie Teheran in doarp flakby de grutte âlde stêd Rey. Pas sûnt de 17e ieu ûntwikkele Teheran har ta in echte stêd. Agha Muhammad Khan, de stifter fan de Kadjaren-dynasty, keas Teheran yn 1788 út as haadstêd foar Iran.

De twadde sjah van de Kadjaren, Fath Ali, dy't de grûnslach lei foar in Perzyske kulturele renêssânse, liet moaie en grutte paleizen bouwe yn Teheran. Under syn bewâld fêstigen har in soad ambachtslju en keaplju út oare Perzyske sintra lykas Kashan, Isfahan, Shiraz en Tabriz yn de nije haadstêd.

[bewurkje seksje] Teheran tsjintwurdich

Yn dizze tiid is de befolking foar it meastepart jong en heech oplieden, alhoewol't frij folle (heechopliede) jongeren troch de minne ekonomyske omstannichheden de stêd ferlitte en har oars yn de wrâld festigje.

Teheran hat in soad lêst fan loftfersmoarging dy't feroarsake wurdt troch de minne ferkearssituaasje yn de stêd, it sterk ferâldere weinpark en ek troch de net geunstige lizzing.

[bewurkje seksje] Bouwurken

Ferneamd binne de bazaar yn it suden fan de stêd dêr't in kar oan produkten ferkocht wurde kin, it eardere paleis fan de sjah en de protte parken dy't yn de stêd lizze.

Teheran hat ferskate musea, lykas it Nasjonaal Museum fan Iran en it Tapitemuseum.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Internet-web-browser.svg 35°42' N 51°25' EL

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings