Scientology

Ut Wikipedy
Scientology
Gebou fan Scientology yn Berlyn
Gebou fan Scientology yn Berlyn
algemiene ynformaasje
stifting 1952
haadkertier Los Angeles
fierdere bysûnderheden
ledetal sa'n 55.000 (2004)
De E-meter

Scientology is in religieuze beweging. De beweging sette yn de fyftiger jierren útein. De ideology komt fan de Amerikaanske skriuwer L. Ron Hubbard. De measte lannen en minsken dy't der fierders net oan leauwe sjogge der trochstrings mei in skalk each nei. Scientology is tige kontroversjeel omdat it neffens guon in kult is dy't jild fertsjinnet oan syn folgers.

Ideology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 1950 en 1986 hat L. Ron Hubbard de ideologyske boeken foar it Scientology-leauwe skreaun.

By Scientology giet it om de Xenu myte. Xenu is in romtewêzen dat kwea wol en Thetans oer de wrâld ferspraat hat dy't yn minsken húsmanje. In minske moat him neffens Scientology op ferskate wizen ferbetterje, mei as doel rêding fan syn ûndergong.

Om ta dat doel te kommen moatte Scientology leden leare fan de ideologyske boeken fan L. Ron Hubbard. Wilens wurdt de E-meter brûkt om te sjen hoe fier as de persoan mei syn ûntjouwing is.

Ledetal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens Scientology hat de beweging likernôch 10 miljoen leden. Neffens oare tellingen binne dat gâns minder. Yn de sechtiger jierren wurdt it ledetal tusken de 50.000 oant 100.000 rûsd. Yn de njoggentiger jierren 45.000. Stadichoan liket de beweging nije leden te werven, yn 2004 binne der sa'n 55.000 leden.

Pommeranten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]