Seattle

Ut Wikipedy
Seattle
Emblemen
        
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County King County
Sifers
Ynwennertal 634.535 (2012)
Oerflak 369,2 km² (ynkl. wetter)
217,2 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 2.858 / km²
Stêdekloft 3.905.026 (2012)
Hichte 0-158 m
Oar
Stifting 1853
Tiidsône UTC -8
Simmertiid UTC -7
Koördinaten 47°36′35″N 122°19′59″W
Offisjele webside
www.seattle.gov
Kaart
De lizzing fan Seattle yn King County en yn 'e steat Washington.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Washington. Foar oare betsjuttings, sjoch: Seattle (betsjuttingsside).

Seattle, byneamd Emerald City (de "Smaragden Stêd"), is de grutste stêd en it ekonomyske sintrum fan 'e steat Washington, it haadplak fan King County, en ien fan de wichtichste havenstêden oan de westkust fan 'e Feriene Steaten. Mei in befolking fan goed 630.000 minsken hat it krekt justjes mear ynwenners as Portland, yn de oangrinzjende steat Oregon, wat it teffens ta de grutste stêd fan it Amerikaanske Noardwesten (de steaten Washington, Oregon en Idaho) makket. De stêdekloft dêr't Seattle ta heart, telt neffens in offisjele skatting út 2012 mear as 3,9 miljoen ynwenners. De stêd leit likernôch 160 km besuden de Kanadeeske grins, op in smelle lâningte dy't oan 'e eastkant begrinzge wurdt troch Lake Washington. Yn it westen leit Seattle oan 'e Puget Sound, in seeëarm fan de Stille Oseaan dy't in natuerlike haven foarmet.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seattle, dat op in plak leit dat al op syn minsten 4.000 jier bewenne waard troch Yndiaanske folken ear't kolonisten fan Jeropeeske oarsprong har der nei wenjen setten, waard stifte yn 1853. De stêd is neamd nei Seattle, it opperhaad fan 'e pleatslike Djûwamisj- en Sukwamisj-stammen. Lange tiid wie de houtkap de wichtichste boarne fan ynkomsten foar de stêd, mar tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw wie Seattle teffens in sintrum fan hannel en skipsbou wurden om't it as de poarte ta Alaska fungearre ûnder de Goudkoarts fan Klondike. Tsjin 1910 wie de stêd sasear groeid, dat er ta de 25 grutste stêden fan 'e Feriene Steaten hearde.

Opperhaad Seattle.

Yn de Krisisjierren rekke de ekonomy fan Seattle bot yn it neigean, mar nei de Twadde Wrâldoarloch bettere dat al rillegau wer oer, foar in part trochdat fleantúchmakker Boeing Seattle ta syn thúsbasis makke en der ferskate fabriken iepene. Nei't fan it begjin fan de santiger jierren ôf in nije delgong ynsette dy't benammen feroarsake waard troch meganisearring en automatisearring fan de yndustry, ûntjoech Seattle him yn 'e tachtiger jierren ta in sintrum fan kompjûter-, software- en letter ek ynternettechnology. Sûnt de iuwwiksel hat Seattle him wer op 'e nij útfûn, diskear as in sintrum fan "griene" yndustry en as in model foar ferantwurde ûntwikkeling.

Muzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it twadde fearn fan de tweintichste iuw wie Seattle wichtich foar de ûntjouwing fan de jazz. Ray Charles begûn bygelyks syn karriêre yn Seattle. Begjin jierren njoggentich wie de stêd de bertegrûn fan de muzykstreaming grunge. Nirvana, Pearl Jam, Soundgarden, Breeders en Alice in Chains wiene de wichtichste fertsjintwurdigers fan dat sjenre. Seattle wie ek it berteplak fan de ikoanyske gitarist Jimi Hendrix, dy't in ûnbidige ynfloed op 'e popmuzyk hân hat.

Seattle hjoed de dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed de dei stipet de ekonomy fan Seattle op trije pylders. Yn it foarste plak is der de hannel, mei't de stêd mei San Fransisko, yn Kalifornje, de wichtichste Amerikaanske trochfierhaven is foar ymport út en eksport nei Aazje. Oard is der de fleantúchyndustry, dy't noch altyd in grutte wurkjouwer is. Boeing hat omfangrike produksjefasiliteiten yn Seattle en omkriten, benammen yn Everett, al is it haadkantoar ûnderwilens ferpleatst nei Chicago. En trêd is der de kompjûtertechnology, mei Microsoft as wichtichste wurkjouwer, dat syn haadkertier hat yn Redmond, in foarstêd fan Seattle. Fierders binne der dan noch de "griene" yndustry (dan moat men tinke oan de produksje fan sinnepanielen en sa), dy't noch yn opkomst is, en ek it toerisme is net ûnbelangryk foar de wurkgelegenheid yn de regio.

It sintrum fan Seattle.
De Sintrale Biblioteek fan Seattle.
De Space Needle, it symboal fan Seattle.

Ien fan de grutste jierliks weromkearende eveneminten dy't yn Seattle holden wurde, is it Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle (Seattle International Film Festival, SIFF) yn maaie en/of juny, dat yn 1976 foar de earste kear organisearre waard. Sûnt de 1980-er jierren hat it him ûntjûn ta ien fan 'e wichtichste filmfestivals fan de Feriene Steaten. Yn Seattle wurdt yn maart en/of april fierders de Emerald City Comic Con holden, in grutte konvinsje op it mêd fan strips en fideospultsjes.

Ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolkingsgroei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Ynwennertal
1900 80.671
1910 237.194
1920 315.312
1930 365.583
1940 368.302
1950 467.591
1960 557.087
1970 530.831
1980 493.846
1990 516.259
2000 563.374
2010 608.660

Berne yn Seattle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

London Keyes.
In optreden fan it symfony-orkest fan Seattle.

Stoarn yn Seattle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seattle hat in Mediterraan klimaat, mei waarme, relatyf drûge simmers en koele, wiete winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 24,6 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 8,4 °C. Rekôrtemperatueren wiene 42 °C op 28 juny 2021 en –18 °C op 31 jannewaris 1950. Hoewol't Seattle derom bekend stiet dat it der "altyd" reint, kriget de stêd feitliks jiers trochinoar net mear as 952,2 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 17,3 sm snie.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.