31 jannewaris
Ut Wikipedy
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier
24 - 25 - 26 - 27 - 28 - 29 - 30 - 31 jannewaris - 1 - 2 - 3 - 4 - 5 - 6 - 7
31 jannewaris is de 31e dei fan it jier.
Der folgje noch 334 dagen (yn in skrikkeljier noch 335).
Foarfallen [bewurkje seksje]
- 1608 - De Spaanske ôfgesant markys Ambrosio Spinola giet op de Spaanskekade yn Rotterdam oan 'e wâl; de ûnderhandelings soenen in jier letter liede ta it Tolvejierrich bestân.
- 1696 - oansprekkersoproer yn Amsterdam
- 1854 - Oprjochting fan it KNMY.
- 1915 - Dútslân set yn de Earste Wrâldoarloch foar it earst gifgas yn, yn Poalen tsjin de Russen.
- 1929 - Leon Trotski wurdt ferballe út de Sovjet-Uny.
- 1935 - Oprjochting Fuotbalferiening Easterlittens
- 1966 - Lansearing fan Luna 9, de earste moannelanner.
Berne [bewurkje seksje]
- 1797 - Franz Schubert, Eastenryks komponist († 1828).
- 1873 - Melitta Bentz, Dútsk útfynster fan it kofjefilter († 1950)
- 1881 - Irving Langmuir, Amerikaansk fysikus en gemikus, Nobelpriiswinner († 1957)
- 1885 - Henri Desgrange, Frânsk organisator fan de Omgong fan Frankryk († 1940).
- 1938 - Prinsesse Beatrix, fan 1980 oant 2013 keninginne fan Nederlân.
- 1948 - Bartle Laverman, Frysk dichter, skilder en filosoof.
- 1954 - Jacobus Quiryn Smink, Nederlânsk skriuwer.
- 1985 - Roelof Bouwmeester, Frysk hurdsiler.
Ferstoarn [bewurkje seksje]
- 1435 - Xuande, keizer fan Sina
- 1561 - Menno Simons, tsjerkeherfoarmer en nammejouwer fan de Mennisten (* 1496).
- 1729 - Jacob Roggeveen, ûntdekkingsreizger dy't útstjoerd waard om it Súdlân te finnen, mar yn stee dêrfan by tafal Peaske-eilân ûntduts.
- 1908 - Anthony Winkler Prins, Nederlânsk skriuwer, dichter, dûmny en frijmitsler.
- 1979 - Rixt (dichteresse), Fryske skriuwster
24 - 25 - 26 - 27 - 28 - 29 - 30 - 31 jannewaris - 1 - 2 - 3 - 4 - 5 - 6 - 7
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier