Sijtje van der Lende

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sijtje van der Lende yn 1976.

Sijtje van der Lende (Sonnegea, 31 jannewaris 1950) is in âld-langebaanrydster. Nei har lange aktive riderstiid waard se reedridercoach, earst fan it gewest Fryslân, dêrnei fan de kommersjele ploech VPZ, mar sûnt seizoen 2008/2009 as bûnscoach fan Sina.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Tusken 1974 en 1980 stie Van der Lende sân kear op it poadium by it NK Allround: yn 1976, 1977 en 1979 as winner, de oare kearen as tredde. Ein jierren 70 wie Van der Lende inkele jierren hâldster fan de Nederlânske rekords op de 1500 en 3000 meter.

Van der Lende die sân kear mei oan it WK Allround. It WK fan 1976 wie har súksesfolste toernoai, neist it fjirde plak (mar 0,040 punt efter Sheila Young) yn it einklassemint helle se de sulveren medalje op de 1500 meter.

Nei har rinbaan as rydster wurke Van der Lende lange tiid by de KNSB-gewest Fryslân, wie se aktyf as bûnscoach en wurke foar ferskate kommersjele ploegen. Se wie by it gewest ûnder oare de trainster fan Tonny de Jong. Fan seizoen 2005/2006 pant en mei seizoen 2007/2008 wie Van der Lende coach fan de ploech VPZ[1]. By dit team wurke se ûnder mear mei Jorien Voorhuis en Ben Jongejan. Op 13 maaie 2008 waard bekend dat Van der Lende in kontrakt foar twa jiere tekene hie as bûnscoach foar Sina[2]. Neffens Van der Lende hie mear as de helte fan de sineeske treners betinkingsby har komst, mar neigeraden de Friezinne de treningsskema's oanpasthie en de resultaten folgen, waard de wjerstân lytser. Mei Yu Fengtong en Wang Fei hopet hja yn de top te einigjen[3].

Persoanlike rekords[bewurkje seksje | edit source]

  • 500 m - 43,66 ( 20 januari 1980), Davos
  • 1000 m - 1.25,86 ( 20 jannewaris 1980 ) Davos
  • 1500 m - 2.12,59 ( 24 ferewaris 1979 ), Medeo
  • 3000 m - 4.39,15 ( 16 jannewaris 1977 ), Madonna di Campiglio
  • 5000 m - 8.25,30 ( 17 jannewaris 1982 ), Grins

Resultaten[bewurkje seksje | edit source]

Jier NK
Junioaren B
NK
Junioaren A
NK
Allround
EK
Allround
WK
Allround
WK
Sprint
Olympyske
Spullen
1967 9e
1968 Sulver
1969 5e
1970 13e
1971 13e
1972 6e
1973 4e 13e 13e 29e (+val)
1974 Brûns 5e 9e 19e
1975 Brûns
1976 Goud 4e 14e 24e 500m
11e 1000m
13e 1500m
9e 3000m
1977 Goud 11e 6e
1978 Brûns 12e 16e
1979 Goud 7e 13e
1980 Brûns NC21 DQ3 26e 500m
13e 1000m
15e 1500m
16e 3000m
1981 8e
1981 12e
NQ# = Net kwalifisearre foar de lêste ôfstân, mar wol as # einige yn de einrangskikking
DQ3 = Diskwalifikaasje op tredde ôfstân

Nederlânske rekords[bewurkje seksje | edit source]

Nr. Ofstân Tiid Datum Baan
1 1500 meter 2.13,95 15 maart 1976 Medeo
2 miny fjouwerkamp 179.553 15/16 maart 1976 Medeo
3 3000 meter 4.39,15 16 jannewaris 1977 Madonna di Campiglio
4 sprintfjouwerkamp 175.735 17/18 febrewaris 1979 Inzell
5 1500 meter 2.12,59 24 febrewaris 1979 Medeo

[4]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berjocht:Cite web
  2. Berjocht:Cite web
  3. Berjocht:Cite web
  4. Bijlsma c.s. 1997, siden 459-464.

  • Bijlsma, Hedman, Ton Dekkers, Alex Dumas, Gé du Maine, Hans Niezen en Karel Verbeek. Schaatsseizoen '72-'73, statistische terugblik, Deel 2: Dames. Leusden: Stichting Schaatsseizoen, 1973.
  • Bijlsma, Hedman, Ton Dekkers, Alex Dumas, Gé du Maine, Hans Niezen en Karel Verbeek. Schaatsseizoen '73-'74, statistische terugblik. Leusden: Stichting Schaatsseizoen, 1974.
  • Bijlsma, Hedman, Ton Dekkers, Alex Dumas, Arie van Erk, Gé du Maine, Hans Niezen en Karel Verbeek. Schaatsseizoen '74-'75, statistische terugblik. Leusden: Stichting Schaatsseizoen, 1975.
  • Bijlsma, Hedman, Ton Dekkers, Alex Dumas, Arie van Erk, Gé du Maine, Hans Niezen en Karel Verbeek. Schaatsseizoen '75-'76, statistische terugblik. Stienwyk: Stichting Schaatsseizoen, 1976.
  • Bijlsma, Hedman, Ton Dekkers, Alex Dumas, Arie van Erk, Gé du Maine, Hans Niezen en Karel Verbeek. Schaatsseizoen '76-'77, statistische terugblik. Stienwyk: Stichting Schaatsseizoen, 1977.
  • Bijlsma, Hedman, Ton Dekkers, Alex Dumas, Arie van Erk, Gé du Maine, Hans Niezen en Karel Verbeek. Schaatsseizoen '77-'78, statistische terugblik. Stienwyk: Stichting Schaatsseizoen, 1978.
  • Bijlsma, Hedman, Ton Dekkers, Alex Dumas, Arie van Erk, Gé du Maine, Hans Niezen en Karel Verbeek. Schaatsseizoen '78-'79, statistische terugblik. Stienwyk: Stichting Schaatsseizoen, 1979.
  • Bijlsma, Hedman, Ton Dekkers, Alex Dumas, Arie van Erk, Gé du Maine, Hans Niezen en Karel Verbeek. Schaatsseizoen '79-'80, statistische terugblik. Stienwyk: Stichting Schaatsseizoen, 1980.
  • Bijlsma, Hedman, Ton Dekkers, Alex Dumas, Arie van Erk, Gé du Maine, Hans Niezen en Karel Verbeek. Schaatseizoen '80-'81, statistische terugblik. Stienwyk: Stichting Schaatsseizoen, 1981.
  • Bijlsma, Hedman, Ton Dekkers, Alex Dumas, Arie van Erk, Gé du Maine, Hans Niezen en Karel Verbeek. Schaatseizoen '81-'82, statistische terugblik. Frjentsjer: Stichting Schaatsseizoen, 1982.
  • Bijlsma, Hedman met Tom Dekkers, Arie van Erk, Gé du Maine, Hans Niezen, Nol Terwindt en Karel Verbeek. Schaatsseizoen '96-'97: 25e Jaargang 1996-1997, statistische terugblik. Assen: Stichting Schaatsseizoen, 1997.
  • Broer, Dirk met Martin van der Bij, Jeroen Heijmans, Michiel Jansen, Marnix Koolhaas, Robert Koorneef, Huub Snoep, Gerrit Stevens en Nol Terwindt. Nederlands Kampioenschappen Hardrijden Langebaan: Complete Uitslagen, 1887-2003. Hoogland: KNSB, 2003.
  • Eng, Trond. All Time International Championships, Complete Results: 1889 - 2002. Askim, Noarwegen: WSSSA-Skøytenytt, 2002.
  • Eyle, Wim van. Een Eeuw Nederlandse Schaatssport. Utrecht: Utjouwerij Het Spectrum, 1982. ISBN 90-274-9476-2.
  • Koomen, Theo. Topschaatsen 1972. Laren(NH): Utjouwerij Luitingh, 1972. ISBN 90-245-0152-0.
  • Koomen, Theo. Topschaatsen 3. Laren(NH): Uitgeverij Luitingh, 1973. ISBN 90-245-0194-6.
  • Kleine, Jan. Schaatsjaarboek 1969-'70, alles over het hardrijden op de lange baan. Ede, 1969.
  • Kleine, Jan. Schaatsjaarboek 1970-'71, alles over het hardrijden op de lange baan. Nymwegen, Schaatsjaarboek, 1970.
  • Kleine, Jan. Schaatsjaarboek 1971-'72, alles over het hardrijden op de lange baan. Nymwegen, Schaatsjaarboek, 1971.
  • Kleine, Jan. Schaatsjaarboek 1972-'73, alles over het hardrijden op de lange baan. Nymwegen, Schaatsjaarboek, 1972.
  • Maaskant, Piet. Heya, Heya! Het nieuwe boek van de Schaatssport. Swol: La Rivière & Voorhoeve, 1970.
  • Witkamp, Anton and Koning, Dolf (red.). Schaatsgoud '72. Bussum: Teleboek NV, 1972. ISBN 90-6122-204-4.

Externe links