Nel Benschop

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Nelly Anna Benschop (Den Haach, 16 jannewaris 1918Arnhim, 31 jannewaris 2005) wie in Nederlânsk dichteres. Hja wie de bêst ferkeapjende dichter fan Nederlân.

Benschop waard berne yn Den Haach as dochter fan in beamkweker. Se waard grut yn in strang gereformearde hûshâlding. Sy gie nei de mulo en die dêrnei de kweekskoalle. Yn 1937 helle hja har akte. Sy naam fierder les yn deklamearjen by Lily van Haghe. Yn de Twadde Wrâldkriich helle hja noch aktes foar de fakken Ingelsk en Frânsk. Nei de oarloch gie se út'e hûs en waard learares op in kostskoalle foar famkes yn Driebergen. Dêrnei wurke se as learares Nederlânsk en Frânsk oan in in Arnhem en in lyseum yn Veenendaal. Yn 1981 gie se mei pensjoen.

Benschop begûn yn 1948 mei dichtsjen. Wilens droech se gedichten fan oaren foar, mei inkelde fan harsels der tusken. Se debutearre yn 1967 by útjouwerij Kok út Kampen mei de bondel Gouddraad uit vlas. De útjouwerij hie de útjefte yn't earstoan hast net oandoard, mar de bondel wie in enoarm súkses, en waard leafst sechtich kear werprinte. Fan al har bondels binne yn totaal trije miljoen ferkocht. Faak wurdt har wurk oanhelle yn rouadvertinsjes, fral it gedicht "In memoriam voor een vriend".

Benschops wurk is tige kristlik en waard mei dêrom net al te serieus naam troch de literêre krityk. It wurk is ek mear pastoraal as literêr. Sels sei hja dêroer, mei in bytsje selsspot: "Ik skriuw rime meditaasjes". Fêste temas yn har wurk binne: lijen, dea en treast troch it leauwen.

Sy stoar mei 87 jier yn Arnhim.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Gouddraad uit vlas (1967)
  • Een boom in de wind (1970)
  • Een vlinder van God (1973)
  • Wit als sneeuw (1974)
  • Een open hand naar de hemel (1976)
  • Mag ik met je mee? (1976; blomlezing)
  • Geloof je dat nog? (1979)
  • De vogel van het woord (1980)
  • Verborgen bloemen (1981; spreuken)
  • Verjaardagskalender (1981)
  • Zo zag ik Hem (1983)
  • Hemelhoog en aardediep (1985)
  • Ontluikend wonder (1986)
  • Licht onder de horizon (1987)
  • Hij Die met ons is (1989)
  • Geloven is geluk (1990)
  • Sporen in het zand (1992)
  • Glimlach in woorden (1994; spreuken)
  • De nacht gaat weer voorbij (1995)
  • De stem uit de wolk (1997)
  • Je ogen zijn zo vol licht (1998)
  • Zie de mens (1999)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]