Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
KNMY
KNMY
KNMY

It KNMI, Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút (Nederlânsk: Koninklijk Nederlands Meteorologisch Instituut) is in Nederlânsk ynstitút dat ûnder oaren de deistige waarfoarsizzings docht. It KNMI is in agintskip fan it Ministearje fan Ferkear en Wettersteat. Yn totaal wurkje der sa'n 500 minsken foar it ynstitút (2003).

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It KNMI waard 31 jannewaris 1854 ynsteld, by Keninklik Beslút fan kening Willem III. De oarspronklike lokaasje wie de stjerrenwacht "Sonnenborgh" in Utert, mar yn 1897 ferfarre it ynstitút nei De Bilt.

De deistige ferwachtigings, dy't it KNMI bekend makke hawwe, begûnen yn 1924, doe noch fia in eigen stjoerder. Sûnt 1936 is de ferwachting part fan it radionijs. Fan it begjin fan de Nederlânske tillevyzje yn 1951 waard ek dêr de ferwachting útstjoerd mei in waarman.

Taken[bewurkje seksje | edit source]

It KNMI rjochtet him op it waar, it klimaat en ierdskoddings. Dêrby jout it ynstitút spesjaal omtinken oan feiligens; it ynstitút jout in waaralarm út by slim waar dat problemen of oerlêst jaan kin.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]