Beatrix fan de Nederlannen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Keninginne Beatrix
Keninginne Beatrix troch Ben van der Geest

Beatrix fan de Nederlannen (Paleis Soestdijk, 31 jannewaris 1938), folút Beatrix Wilhelmina Armgard van Oranje-Nassau, Prinsesse fan de Nederlannen, Prinsesse fan Oranje-Nassau, Prinsesse fan Lippe-Biesterfeld, wie fan 1980 oant 2013 keninginne fan Nederlân.

Beatrix waard berne as earste bern fan Keninginne Juliana en Prins Bernhard fan Lippe Biesterfeld. Op 10 maart 1966 troude se mei Prins Claus von Amsberg. It pear krige trije soannen: Willem-Alexander, Friso en Constantijn. Op 30 april 1980 folge se har mem, Keninginne Juliana, op as keninginne fan Nederlân. Op 28 jannewaris 2013 makke hja bekend dat it keningskip oerdrage soe. Op 30 april 2013 hat sy it keningskip oerdroegen oan har soan, Kening Willem-Alexander. Beatrix hat as keninginne in protte besites oan Fryslân brocht.