Baarn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan Baarn yn Utert
Brink fan Baarn, links it gemeentehûs
Paleis Soestdyk
De Generaal
Stasjon Baarn
Filla Amalia
Nieuwstraat 1
Paulustsjerke
Peasketsjerke

Baarn is in gemeente en plak yn de provinsje Utert oan de rivier de Iem. De totale gemeente hat 24.260 (2009) ynwenners en in oerflakte fan 33,03 km² (wêrfan 0,46 km² wetter). In ynwenner fan Baarn wurdt in Baarnaar neamd. Sûnt 6 septimber 1948 oant 30 april 1980 wie Baarn in keninklike residinsje trochdat Keningin Juliana der residearde, omdat hja folslein wenne op Paleis Soestdyk dat yn de Gemeente Baarn leit.

Wiken en buerten[bewurkje seksje | edit source]

Kearnen

Wiken

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Baarn leit yn de midden fan Nederlân oan de grins fan de provinsjes Utert en Noard-Hollân, oan de ienige rivier dy't fan boarne oant mûning op Nederlânsk gebiet leit, de Iem. Al sûnt 8000 - 4500 f.Kr. hat de mins him yn de omkriten fan de rivier ophâlden. It bewiid hjirfoar is levere troch inkele tûzenen stikken fjoerstien dy't by in fjouwertal ûndersiken fûn binne.

De oarsprong fan it doarp Baarn leit yn de 12e ieu. Destiids waarden de besteande doarpen te lyts, mei trochr de krústochten, de hannelsbetrekkingen mei oare regio's en de groei fan de befolking. Trochdat elk doarp yn syn eigen behoeften foarseach, moast it omlizzende gebiet grut genôch wêze foar branje en om it fee weidzje te kinnen. Om de 12e ieu ûntstienen nije delsettings, wêrûnder nei alle gedachten ek Baarn. De earste delsetting, dy't yn de omkriten fan de Leestrjitte lei, sil út heechút in tweintichtal pleatsen bestien hawwe. Pas yn de 14e ieu ferskoot de kearn fan it doarp rjochting de Brink, wêr't yn de earste helte fan dy ieu de Paulustsjerke boud is.

De oarsprong fan de namme 'Baarn' is wat ûnwis. Meast oannimlik is dat in nei in plak ferwiist mei in soad branje. Fergelykje Barneveld: 'in fjild dêr't in soad branje te heljen is'. Klinkermetatesis soarget foar omdraaiing fan de r en de a: brânen wurdt baarnen.

± 1350 ferlient de biskop fan Utert de ynwenners fan Baarn stêdsrjochten, it rjocht fan selsbestjoer oan it doarp. It rjocht fan poarterij haft Baarn nea krigen. Baarn hat d6erom nea in muorre of wâl om it doarp hinne hân.

Om 1500 hie Baarn njoggenhûndert ynwenners. In daling is te sjen yn 1633 doe't der by de telling ûngefear 650 minsken wennen. Dizze daling hie te krijen mei oarloggen. In echte groei ûntstie tusken ein 1780 - 1830. Doe telde Baarn sa'n 1800 ynwenners. Der kamen fabriken en boude der arbeidershuzen by. Sa fêstige him yn 1802, oan de Haadstrjitte, it tapytfabryk fan Scherenberg. Yn 1807 hie it fabryk sa'n trijehûndert wurknimmers yn tsjinst. Ek fêstigen har spinskoallen yn Baarn en Soest. Yn in lettere periade begûn patissery De Ruyter oan de Brinkstrjitte 25-27 mei de fabrikaazje fan stampte mûskes.

Yn de Gouden Ieu, fan 1600 - 1672, stie Amsterdam sintraal yn de ûntwikkeling fan Baarn. Baarn wie fegelike mei it grutte Amsterdam mar in doarp, mar wol in oantreklik doarp foar haadstêdlike keaplju en en patrysjers. Se lieten oant fier yn de achttjinde ieu wylderige simmerferbliuwen en jachthuzen bouwe op grutte stikken lân yn Baaarn. Lykas it lustslot 'Soestdyk', tusken 1674 en 1678 boud troch de Amsterdamske boargemaster Cornelis de Graeff, de bûtepleats Groeneveld en ek hofstee 'De Eult', omtrint 1640 boud troch de Amsterdamske boargemaster Johan Bicker op in stik grûn oan de dyk nei Soest. It neamen wurdich is ek de bûtenpleats Pijnenburg, in ûntwerp fan arsjitekt Philips Vingboons, boud yn 1647 foar de rike widdo Sara de Wael.

De pleatslike middenstân wreide tige út middels winkellju, meubelmakkers, blommisten, klean- en skuonmakkers. Se eatlearden harren produkten en sa ûntstie in nij ferskynsel: de winkelstrjitte. Alde wenstrjitten as de Laanstrjitte, Brinkstrjitte, Nijstrjitte en Nij Baarnstrjitte krigen in winkelfunksje. De Laanstrjitte is yn 1876 neamd nei de earste boargemaster fan Baarn, mr. J.C.G.C. Laan.

Nei de oanlis fan it spoar Amsterdam-Amersfoort yn 1874, naam de hannel en yndustry ta en waard Baarn fan in agrarysk doarp in filladoarp. In soad begoedige minsken, meast út Amsterdanm wei, kamen hjir simmerdeis of it hiele jier troch wenjenb en lieten grutte huzen op grutte kavels sette, krektas yn oare plakken fan It Goai. In soad famyljes dy't yn it bûtenlân (Ynje) ryk wurden wienen, keazen Baarn as harren lêste ierdske wenoarde. Hjir koenen se yn alle rêst, midden tusken de greiden en heidefjilden, genietsje fan harren lêste libbensjierren. Dat joech Baarn de makabere bynamme “it griene grêf”. Baarn krige sels in drok besocht badhotel, dat troch de ferneamde arsjitekt Berlage yn 1887 boud waard (útsein it yn 1984 wer sloppte tuorke).

Nei 1945: Nei de Twadde Wrâldoarloch kammen foar in oantal filla's flats en bungalows yn it plak. Mar noch altyd is, wanneljend troch de doarpskearn en de leanen fan 'Heech Baarn' te sjen dat Baarn in soa fan syn alde sjarmes bewarre hat en minsken der graach wenje.

Wapen fan Baarn

It gemeentewapen fan Baarn is yn heraldyske termen: 'in gouden biskop op in fjild fan azuer (giel op blau)'. It is in foarstelling fan Sint Nikolaas, de patroan fan de midsieuske leauwensmienskip, it kerspel of parochy. De skiednis fan dit wapen giet werom oant de 14e ieu, doe't Baarn stêdsrjochten krige. Men fynt it wapen op de âldste stedssegels. It wapen waard yn 1818 by Keninklik beslút offisjeel fêststeld.

Dit oarspronklike wapen wie mear as hûndert jier ferfongen troch in oar wapen, dat in man mei in stegerjend hynder oan de leie foarstelde. Dit wapen waard yn 1867 oannomd, by de gearfoeging fan Baarn en de Vuursche ta ien gemeente. It duorre oant 1969 foar't it Baarnse gemeentebestjoer besleat it âlde wapen yn eare te werstellen, wat dêrnei offisjeel fêststeld waad troch de Hege Ried fan Adel, dy't oer ditsoarte saken beslist.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

Berne[bewurkje seksje | edit source]

Ferstoarn[bewurkje seksje | edit source]

  • Augusta de Wit (25 novimber 1864 - 9 febrewaris 1939), romanskriuwster

Wenjend[bewurkje seksje | edit source]

Earder wenjend[bewurkje seksje | edit source]

Keninklik hûs:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]