Cantonspark

Ut Wikipedy
Noardkant Wintertún
Wintertún Cantonspark
Kolonnade Cantonspark
Binnenkant Kas
Natoerswimbad

It Cantonspark is in botanysk park fan sa'n 3,5 ha. yn Baarn. Foar 1902 wie it ûnderdiel fan it folle gruttere lângoed Schoonoord fan de famylje Faas Elias. Doe't de lêste neisiet, de frelle A. Faas Elias, yn 1902 ferstoar, kaam der romte frij om it doarp út te wreidzjen. It park waard tusken 1905 en 1915 oanlein as partikuliere oertún fan de yn Fila Canton wenjende âld-planter August Janssen (1865-1918). Janssen hie ûnder oare direkteur west fan de Yndyske kultuerûndernimmings en hie yn Baarn de âlde filla’s Peking, Java en Canton yn besit. Oan de oerside fan de Javaleane liet hy troch syn túnman J. Goossen it Cantonspark ûntwerpe en oanlizze, mei kassen en alderlei geboutsjes, mei as sintraal punt de Wintertún (1915). Yn de Wintertún samle hy tropyske planten en beammen dêr't hy yn Yndyske styl syn gasten ûntfange koe. Om 1915 kocht hy yn Amsterdam op in feiling ûnderdielen foar wat no de kolonnade hjit. De kamen fan Ald Rozenburch yn de Diemermar. Oan de kant fan de Heemskerkleane liet hy in tsjinstwenning bouwe foar syn túnbaas. Letter waard dat wol de Hortulanuswenning neamd. August Janssen liet yn 1916 in eintsje fierderop ek it swimbad fan Baarn yn de Iem bouwe.

Doe't Janssen yn 1918 ferstoar kaam de tún yn besit fan de Utertse Universiteit, foar it ûndersyk en stúdzje yn de Plantkunde. De haadstruktuer bleau bestean mar der kaam in grutte systeemtún oan de súdkant fan de fiver, mei foar elke plantefamylje in eigen perk. Yn de súdpunt fan it park waard in saneamde Pinetum oanlein, dêr't benammen konifearen setten waarden. Yn Systeemtún en Pinetum rieden studinten yn plantkunde en farmasy harren tentamens foar. Op ferskate plakken kamen ek kassen, mei harren eigen bewenners: mediterrane en fleisitende planten, orchideën en Latyrussen. Der waarden ek wol tentoanstellings hâlden. Oan de noardkant waard in leslokaal boud. Yn de Wintertún waard it assortimint tropyske planten útwreide, mei in oantal ekonomysk wichtige soarten as bananen en kofjestrûken. Mar der kaam ek in grutte smaling Bromeliaceae, dy't destiids de grutste fan de wrâld wie. It binne planten út Súd-Amearika, it bysûndere oandachtsgebiet fan de systematyskhe plantkunde yn Utert.

In de 60tiger en 70tiger jierren ferhuze de Utertse Universiteit nei de Uithof, yn de eardere Johannapolder. Dêr waard, om in âld fort in grutte, tige moderne botanyske tún oanlein, dy't de ferskate oare eksterne tunen, wêrûnder it Cantonspark, oerstallich makken. Yn 1987 waard it park oerdroegen oan de gemeente Baarn foar ien gûne, ûnder betingst dat de gemeente de bysûndere mearwearde fan it park beskermje soe en útbouwe. De ferhuzing nei Utert hie grutte gefolgen foar de kolleksje: alle kasplanten ferhuzen mei en de kassen en it leslokaal ferdwûnen út it park. Allinnich de Wintertún bleau stean en krige ferskate bestimmingen oant de kas, dy't wyls ryksmonumint wurden wie, ferhierd waard oan in keunsthanneler. De Universiteit koe lykwols de karakteristike parkoanlis net meinimme, likemin as de beammen en bysûndere strûken. Al gau nei na de oerdracht waard in grut stik fan it park ôfstien oan in bernebuorkerij. De gemeente hie eins gjin fyzje om it park op nivo te hâlden. Ek it ûnderhâld fan de Wintertún wie in kostbere saak. Sadwaande waard yn de njoggentiger jierren de Stichting Freonen fan it Cantonspark oprjochte. Dizze Stichting hat twa funksjes foar eagen mei it park: in weardefolle en (ynter-)nasjonaal heech wurdearre eardere botanyske tún kombinearje mei it brûken as iepenbier grien.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: