Houten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kaart fan de gemeente Houten yn 1867

Houten is in plak en forinzegemeente yn de provinsje Utert, ten súdeasten fan de stêd Utert, tusken rykswegen A12, A27 en de rivier de Lek. De gemeente hat 45.087 ynwenners (2006) en in oerflak fan 59,05 km² (wêrfan 0,29 km² wetter).

Kearnen[bewurkje seksje | edit source]

It grutste plak yn de gemeente is Houten - dêrneist lizze yn de gemeente de lytse kearnen It Goy, Skalkwyk, Tul en It Waal, Honswijk en De Heul.

Iere skiednis en arsjitektuer[bewurkje seksje | edit source]

Archeologysk ûndersyk bylâns it spoartrajekt Vleuten-Geldermalsen fan de projektgroep AAC en meiwurking fan studinten fan de Universiteit fan Amsterdam, hat oantoane kind dat de omkriten fan Houten al yn de Brûnstiid bewenne waard. Spoaren fûn tichtby it hjoeddeiske gebou fan de stedsferwaarming geane werom op 2200 foar Kr. Houten is, lykas it tichtbylizzende doarp It Goy, nei alle gedachten as it fêstigingsplak keazen om de hegerlizzende grûn - de troch de Kromme Ryn ôfsetten sediminten, bekend as stroomrêgen.

Begjin 2007 waard by datselde spoartrajekt lâns in diel fan de âlde Limeswei fûn (de grins fan it Romeinse Ryk yn Nederlân, by de Alde Ryn lâns). Dit wie de earste keer dat it fermoeden fan it bestean fan dy wei befêstige wurde koe. Njonken de Herfoarme Tsjerke Kerk (Plein) binne ek resten fûn fan in Romeinse filla. (Kolman, 1996). Dizze Herfoarme tsjerke is foar in part út de 12e ieu. Mei de bou fan de toer waard yn 1535 begûn. Yn de Midsieuwen konsintrearre de bebouwing him hjir. Op in eintsje fan de herfoarme tsjerke stiet de roomske tsjerke Us Leaffrou ten Himelopnimming, in neogoatyske tsjerke út 1884-1885 ûntwurpen troch arsjitekt Alfred Tepe.

De namme Houten is komt fan "Haltna", dat mooglik "wenplak yn de bosk" betsjut (Groenedijk, 2000).

West fan de hjoeddeiske beboude kom stiet Kastiel Heemstede, boud om 1645 hinne. Yn 1987 waard it troch in brân slim skansearre. Sa'n fyftjin jier letter waard it restaurearre.

Resinte skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De gemeente Houten bestiet sûnt 21 oktober 1811, doe't Nederlân in part wie fan it Frânske Keizerryk. Oan de gemeente Houten waard it grûngebiet tawiisd fan de eardere gerjochten Houten, It Goy, Ald-Wulven, Waijen, Wulven, Heemstede en Schonauwen.

Yn 1816 waard Schonauwen in selsstannige gemeente. Ald-Wulven, Waijen, Wulven, Heemstede en Schonauwen foarmen mei de gerjochten Slachtmaat, de Grutte en Lytse Koppel en Maarschalkerweerd de gemeente Ald-Wulven.

Yn 1858 waarden de gemeenten Houten, Ald-Wulven en Schonauwen gearfoege ta in nije gemeente Houten. Dêrtroch krige it grûngebiet wer deselde grutte as yn 1811 mei as dêroan tafoegd Slachtmaat, de Grutte en Lytse Koppel en Maarschalkerweerd.

Op 28 novimber 1944 waard it sintrum fan Houten bombardearre troch de alliearden. De fleantugen sochten om de Dútse generaal Reinhard. Dat doel waard mist. De hûsfêsting fan de Dútse soldaten op De Brink (it tsjintwurdige Plein) waard by in twadde oanfalsweach wol rekke. By it bombardemint foelen sechtsjin deaden, wêrfan fiif Houteners.

Op 8 oktober 1953 wurdt it meast noardlike gedielte fan de gemeente (Maarschalkerweerd) by Utert foege, neidat Houten him 42 jier tsjin dizze gebietsútwreiding fersetten hie. Op 1 jannewaris 1962 waarden Tul en It Waal en Skalkwyk oan Houten foege. Sûnt 1943 hienen dizze trije gemeenten deselde boargemaster.

Yn 1966 waard Houten troch syn lizzing by Utert en it spoar nei De Bosk oanwiisd as groeikearn. Begjin jierren santich hie it doetiidske doarp sa'n 4.000 ynwenners (boarne: Gemeentegids Houten, 2006). Nei 1979 begûn de earste grutte útwreiding fan Houten, wêryn 10.000 nije wenten boud waarden en de befolking groeide nei boppe de 30.000 ynwenners (1996). Om it yn 1982 iepene nije stasjon Houten ferriisde in gloednij sintrum ("Het Rond") fan Houten; it Alde doarp kaam hjirtroch eksintrysk te lizzen.

It suden fan Houten is ien fan de saneamde Vinex-lokaasjes yn Nederlân: de measte stêden meie in beheind oantal huzen per jier bouwe, mar foar Houten jildt dat net. Yn de jierren '90 waard begûn mei it twadde grutte útwreidingsplan fan Houten yn it ramt fan it Vinex-plan, dêr't Houten oan de súdkant mei útwreide waard mei sân nije wiken: Loerik, Oerdaam, Hofstêd, Schonauwen, De Hoon en Leebrêge, mei yn de midden it takomstige winkelsintrum Kastellum, dêr't ek it takomstige stasjon Houten Kastellum leit.

Sûnt 23 febrewaris 2003 hat de Gemeente Houten gemeenteweinen oanskaft, dy't beskildere binne mei de kleuren blau en giel. Sûnttiid binne dizze kleuren rûnom te sjen lykas op trepleunings yn it sintrum of op brêgen.

Yn 2007 is begûn mei in grutte fernijing fan it sintrum fan Houten, om in foarsjenningsnivo te krijen dat past by in gemeente fan hast 50.000 ynwenners. Part fan de fernijings binne de ferdûbeling en ferheging fan it spoar ynklusyf in nij stasjon, útwreiding fan it winkelsintrum, twa nije kultuersintra dêr't in tal kulturele ferienings fan Houten in plak yn krije sille, útwreiding fan it tal en de grutte fan de sportfasiliteiten en de werynrjochting fan it sintrale plein yn it sintrum Het Rond. Ek yn it Kastellum - it sintrum fan Houten-Vinex dat noch net folle foarsjennings hat - komme in nij stasjon en winkelsintrum.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | edit source]

By de groei fan Houten ta middelgrutte stêd waard yn de jierren santich besletten om it brûken fan de fyts te stimulearjen en it brûken fan de auto te ûntmoedigjen. Dêrta is oan de bûtenkant fan Houten in rûnwei oanlein fan wêrút middels "ynprikkers" de wiken berikt wurde kinne. Mei de auto kin net riden wurde tusken wiken en sil altiten fia "de Rûnwei" riden wurde moatte. Ek is it belied dat binnen de wiken gjin wei langer as 70 meter rjocht wêze mei en dat sichtlinen lâns tagongswegen fan wiken rom wêze moatte.

Dy maatregels hawwe derta laat dat Houten binnen de beboude kom ien fan de ferkearsfeilichste gemeenten fan Nederlân is en dat de gemiddelde snelheid fan auto's binnen wiken leech is. Fia ôfslach "De Staart" is de oansluting op de Rykswei A27 berikber; de gemeente Houten wurket mominteel, yn de mande mei buorgemeente Bunnik oan in twadde oansluting op in snelwei. Dit moat dan de Rykswei A12 wurde.

Sûnt de santiger jierren is het belied fan Houten dat de fyts it primêre ferfiermiddel is en oaren, lykas de auto, sekundêr. De romtlike oardering fan Houten is dêrop ynrjochte: Houten hat in stjerfoarmich net fan frijlizzende fytspaden, dat fytsers fan alle wiken út it sintrum en oare parten fan Houten fluch berikke kinne. Wêr mooglik binne fytsstrjitten oanlein neffens it prinsipe "Fytsstrjitte, auto's te gast". De gemeente Houten jout prioriteit oan it ûnderhâld fan syn fytspaden.

Alle jierren stiet Houten heech op de list fan fytsfreonlikste gemeenten. Yn oktober 2008 is Houten Fytsstêd 2008 woarn, in priis dy't útrikt wurdt troch it Fytsersbûn. Ek de rest fan de wrâld is it fytskonsept fan Houten oan it ûntdekken: fan oer de hiele wrâld komme delegaasjes te sjen mei as ynstek (dielen fan) it fytskonsept oer te nimmen.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Stasjon Houten leit oan it spoar Utert - Bokstel (Steatsline H). Houten wurdt betsjinne troch de stoptreinen Utert-Breda en Utert-Tiel dy't beide hast de hiele dei twa kear de oere ride. Tusken Utert en Geldermalsen ride fjouwer treinen de oere. Lâns itselde spoar rûn fan 2001 - 2008 in NS-tramline nei de súdlike wyk Kastellum, mar dy is ferfongen troch in bus fanwege de spoarferdûbeling fan it spoar troch Houten (fan twa nei fjouwer spoaren). De tramline tusken de stasjons fan Houten wie de koartste spoarbaan fan Europa. Foar dy spoarferdûbeling moast it âlde Stasjon Houten ferpleatst wurde.

Dêrneist ride der bussen fan Connexxion fan it sintrum út nei Nieuwegein (line 48), Utert (fia de Utertske wyk Kanaleneilân) (line 47), Skalkwyk en It Goy (line 45), Houten-Súd (line 49) en Kastellum (line 23). Teffens binne der spitsbussen nei û.o. De Uithof (Utert) (line 281). Moarns fan Houten nei de Uithof en middeis fan de Uithof werom nei Houten. Dizze bussen ride yn Houten oer de Rûnwei de haltes lizze safolle mooglik by de meardere fytstunnels ûnder dizze wei, faak by de tagongswegen ("ynprikkers") fan de Houtense wiken.

Bekende (eks-)ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

 
Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunskoat - Houten - Iemnes - IJsselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Oudewater - Renswoude - Rhenen - De Ronde Venen - Seist - Soest - Stichtse Vecht - Utert (haadstêd) - Utertse Heuvelrêch - Veenendaal - Vianen - Wâldenberch - Wyk by Duurstede - Woerden

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: