Laren (Noard-Hollân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
pofferkeskream op de Brink
terraskes:Sjen en besjoen wurde
Sint Janstsjerke
kultureel sintrum de Warrekam
Monumint fan de fallenen
Larenske mûne
Dennenoord

Laren is in plak en gemeente yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. (Van Larelcarspell, Laoren, Laaren nei de namme Laren, in 'Laar' is in iepen plak yn de bosk.) De gemeente telt ynwenners (11.342 ynwenners (1 jannewaris 2010, boarne: CBS) en hat in oerflakte fan 12,37 km² (wêrfan 0,19 km² wetter). Binnen de gemeentegrinzen lizze gjin oare kearnen. Fanâlds is it in brink- of esdoarp.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Laren is ien fan de âldst beboude plakken yn it Goai. It alderearste folk dat der wenne wie it trachter-bekerfolk. (Omtrint 2500 f. Kr.) Letter kamen der minsken fan Frysk-Saksyske oarsprong te wenjen. Yn 1085 stifte de biskop fan Utert it kapittel Sint Jan op de heuvel dy't no bekend is as Sint Janstsjerkhôf. Nei it stee fan dizze kapel en begraafplak rinne fan âlds Goaiske lykwegen út alle rjochtingen.

Laren hat in boeredoarp west, mar ek de weefyndustry naam in wichtich plak yn. Nei it oanlizzen fan de tramline fan Hilfertsom nei Amsterdam (de Gooise Moordenaar) yn 1892 is Laren ek in keunstners- en forinsedoarp wurden.

Yn de 19e ieu waarden de Goaiske doarpen ûntdutsen troch keunstners dêr't letter de Larenske Skoalle út fuortkomme soe. Inkelde bekende keunstskilders dy't yn Laren taholden wienen Anton Mauve (learmaster fan Vincent van Gogh), Jan Sluijters en Ferdinand Hart Nibbrig.

Sûnt ein jierren 1980 is Laren fral in forinsedoarp wurden foar de 'nije riken' (nouveau riche). Yn de doarpskearn binne noch ferskate pleatsen dêr't lykwols net mear buorke wurdt.

Museum[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1911 festige de Amerikaanske skilder en keunstsamler William H. Singer him yn it hûs De Wilde Zwanen. Syn filla, fan arsjitekt Jan Rebel, en keunstsamling wienen it begjin fan it Singer Museum, anneks teaterseal (dêr't de tv-talkshows fan Willem Duys makke waarden).

Berne[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

 
Noard-Hollân
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Aalsmeer - Alkmar - Amstelveen - Amsterdam - Anna Paulowna - Beemster - Bergen (Noârd-Hollân)-Bergen - Beverwyk - Blaricum (gemeente)-Blaricum - Bloemendaal - Bussum - Castricum - Diemen - Drechterlân - Edam-Volendam - Graft-De Rijp - Haarlemmerliede en Spaarnwoude - Haarlemmermeer - Haarlim (haadstêd) - Harenkarspel - Heemskerk - Heemstede - Heerhugowaard - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn (Noard-Hollân)-Hoarn - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Langedyk - Laren (Noard-Hollân)-Laren - Medemblik (gemeente)-Medemblik - Muiden - Naarden - Niedoarp - Oostzaan - Opmar - Ouder-Amstel - Purmerend - Saanstêd - Skagen - Schermer - Stêde Broec - Tessel - Uitgeest - Uithoorn - Velsen - Weesp - Wetterlân (gemeente)-Wetterlân - Wieringen - Wieringermeer - Wijdemeren - Wormerland - Zandvoort - Zeevang - Zijpe