Renswoude

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Komboerd
Rotonde westside
Rotonde eastside
Koepeltsjerke
Kastielhuzen Doarpsstrjitte
Grifformearde tsjerke
Gemeentehûs
Taats van Amerongenwei
Doarpsstrjitte
Doarpsstrjitte
Doarpsstrjitte

Renswoude (betsjutting: Rhenen-s wâlde, út de tiid dat dit grûngebiet noch by Rhenen hearde), is in gemeente en plak yn de provinsje Utert.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Al yn 855 waard Renswoude as silva Hrenhem (it Rhenenske wâld) neamd yn in oarkunde. De delsetting Renswoude is lykwols lang sa âld net. Dy ûntstie eigentlik pas om 1400 hinne. Renswoude bestie doe út in fersterke hûs, de Borgwal neamd, en in oantal ferspraat lizzende pleatsen. Yn 1638 stifte Johan fan Reede in doarp by it eardere Borgwal. Dit bestie út de hjoeddeiske Doarpsstrjitte, mei hjirlâns wat lintbebouwing. Hjirneist ûntstienen der noch twa efterwegen, de hjoeddeiske Molestrjitte en de Tsjerkestrjitte. Ek liet Van Reede it kastiel Renswoude (1654) en de koepeltsjerke (1639, nei in ûntwerp fan Jacob van Campen) bouwe[1].

'Tsjerke fan Renswoude

Yn 1674 waard Renswoude in saneamde "Hooge en vrije hearlikheid," in gebiet mei in eigen ûnôfhinklike rjochtspraak. Ut dizze hearlikheid waard yyn 1795 de gemeente Renswoude foarme. Pas yn 1818 waarden de grinzen fan de gemeente offisjeel juridysk fêststeld. Al wie it al ieuwen dúdlik hoe't de grinzen rûnen.

Resinte skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Plannen foar grinswizigingen en gemeentlike weryndielingen hawwe in promininte rol spile yn de skiednis fan de gemeente Renswoude. In wichtige grinswiziging wie op 1 jannewaris 1960. Doe ferlear Renswoude grutte stikken fan har grûngebiet oan Veenendaal en Scherpenzeel. It gie hjir ûnder oare om de Emminkhuizervenen. Dit gebiet besloech ûngefear 150 hektare.

Statistyk[bewurkje seksje | edit source]

De gemeente hat 4773 ynwenners (2011) en in oerflak fan 18,52 km². Binnen de gemeentegrinzen lizze gjin oare kearnen. Renswoude is mei dit ynwennertal de lytste gemeente yn de provinsje Utert, en boppedat ek ien fan de lytste gemeenten yn Nederlân. De befolking is de lêste tsjien jier mei goed 8% groeid. Yn dyselde perioade wie der yn de heule provinsje in groei fan ek goed 8%; Renswoude hat dus in trochsneed groeipersintaazje. Dizze groei is net bepaald geleidlik gien; oant en mei 1995 skommele it ynwennertal om de 3.700 en dêrnei waard ynienen de sprong makke nei de 4.000 ynwenners. Dat hie benammen te krijen mei de realisaasje fan de nije wyk Spikhorst, yn 1995.

Renswoude is ynearsten de lytste selsstannige gemeente yn de provinsje Utert. Al jierren binne der plannen foar in gearfoeging mei Woudenberg en Scherpenzeel. Dizze gemeenten lykje hjir wol wat foar te fielen, it kolleezje en de gemeenteried fan Renswoude lykwols net. Op 26 septimber 2007 wie der in referindum mei as ûnderwerp de selsstannichheid fan Renswoude. Mei in persintaazje fan 83,7 wie de opkomst heech. 98,4% fan de kiezers stimde foar selsstannichheid, 1,6% tsjin. De maatskiplike wjerstân tsjin in twongen fúzje mei Woudenberg en Scherpenzeel blykte ek út in fakkeloptocht yn 2008 by de harksitting fan de provinsjes Utert en Gelderlân, wêrby't 1.500 fan de 4.600 ynwenners harren ûnnocht uteren tsjin de fúzje. Dit wylst yn de gemeenten Scherpenzeel en Woudenberg mar inkele boargers opdagen kamen by soksoarte harksitings.

Renswoude bliuwt foarstanner fan selsstannichheid. De gemeenteraad is unanym fan miening dat de gemeente der bestjoerlik én finansjeel goed foarstiet. Dat it bestjoerlijk goed giet, blykte ek út de bestjoersûndersiken fan it ministearje fan BZK. Wat de finansjele situaasje oanbelanget stiet Renswoude der finansjeel folle better foar as de buorgemeenten Woudenberg en Scherpenzeel dy't elk miljoenen ferlernen oan it Ice-Save debâkle. Renswoude is ien fan de pear gemeenten yn Nederlân dy't noch in eigen wenningbedriuw hat. It eigen wenningbedriuw hat in stille reserve fan sa'n EUR 70 mln.

De gemeente Renswoude sjocht op lange termyn, yn it eventuele gefal dat taken net mear selsstannich dien wurde kinne, mear heil yn in frijwillige gearwurking mei Veenendaal (± 62.000 ynwenners) as yn in twongen fúzje mei de 2 buorgemeenten Woudenberg en Scherpenzeel (tegearre ± 21.000 ynwenners). Op 9 maart 2010 hat de Twadde Keamer it wetsfoarstel ta weryndieling fan Renswoude, Woudenberg en Scherpenzeel kontroversjeel ferklearre. De weryndielingsproseduere is hjirmei stilsetten. De kâns dat de fúzje dochs noch trochgiet is dêrmei folle lytser wurden.

Foarsjennings[bewurkje seksje | edit source]

Yn Renswoude binne twa tsjerken, in supermerk en in pear oare winkels. Der binne ek twa tankstasjons, in badmintonferiening, in fuotbalferiening, in sportskoalle, in follybalferiening, in gymnastykferiening, in muzykferiening, in oranjeferiening en in tennisferiening. It doarp leit mids plattelân en bosk. It doarp hat wat bekendheid omdat it op ferkiezingsjûnen as ien fan de earste gemeenten de útslach bekend makket, yn kompetysje mei oare lytse gemeenten as Skiermûntseach en Rozendaal.

De lokale radiostjoerder Midland FM is rjochte op Renswoude, Scherpenzeel en Woudenberg, de lokale tv-omrop Dorp en streek tv, is rjochte op Maarn, Maarsbergen, Renswoude, Scherpenzeel, Woudenberg, Rhenen en Elst.

Renswoude hat twa ûnderwiisynstellings, beide protestants-kristlike basisskoallen.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. WOLLESWINKEL, EGBERT, Renswoude. Geschiedenis en architectuur: Monumenten-Inventarisatie Provincie Utrecht, Zeist: Utjouwerij Kerckebosch 1998, 185 siden.