Elst (Utert)

Ut Wikipedy
Elst
Sicht op Elst oan oare kant de Nederryn
Sicht op Elst oan oare kant de Nederryn
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Rhenen
Sifers
Ynwennertal 4.650 (2021) [1]
Oar
Postkoade 3921
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 59' 8" NB, 5° 29' 55" EL
Lokaasje yn de gemeente Rhenen

Elst is in doarp yn de gemeente Rhenen yn de Nederlânske provinsje Utert. It doarp hat 4.650 ynwenners (2021). Oant 1 jannewaris hearde in part fan it doarp ta de gemeente Amerongen, dy't op dat stuit part waard fan de nije gemeente Utertske Heuvelrêch.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp leit oan de Nederryn oa de súdkant fan de Utertske Heuvelrêch. Der fart in fearpont fan Elst nei it doarp Ingen oan de oare kant de Nederryn. Noardlik fan it doarp lizze de Elsterberch mei in hichte fan 63,2 meter en de Galgeberch. Noardeastlik lizze noch ferskate heuvels.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1981 wiene der tichteby Elst argeologyske opgravings, dêr't goed 250 iermidsiuwske grêven fûn waarden, dêr't fjouwer hynstegrêven en ien hûnegrêf fan wiene. De grêven datearje fan de iere fyfde oant mids achtste iuw. In soad grêven hiene grêfjeften, wêrûnder de rykste grêven mei gouden en sulveren sieraden frouljusgrêven út de sechsde iuw wiene. 22 grêven befetsje wapens, wêrûnder swurden, skylden, bilen en benammen spear, en pylkpunten. Nijsgjirrich wie it finen fan in houten, mei brûns besleine amer. De fynsten binne no yn it Provinsjaal Argeologysk Depot yn Utert.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De eardere tabaksplantaazje Plantage Willem III.
  • Nôtmûne 't Wissel
  • Nederlânsk Herfoarme Tsjerke fan 1819
  • De Klinkhamer, in wente ûntwurpen troch Gerrit Rietveld yn 1949 yn opdracht fan hûsdokter Van Ommeren. It hûs sjocht út oer twa uterwaarden.

Media[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De pleatslike omrop Dorp en streek tv, is rjochte op Maarn, Maarsbergen, Renswoude, Skerpenseel, Woudenberg, Rhenen en Elst.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: Elst, Utrecht – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Rhenen
Stêd:
Rhenen
Doarpen:
AchterbergElst
wizigje