Gerrit Rietveld

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Gerrit Rietveld (* 24 juny 1888, Utertn - † 25 juny 1964, Utert) wie in Nederlânsk arsjitekt en meubelûntwerper.

Gerrit Rietveld wie in soan fan de meubelmakker Johannes Cornelis Rietveld en syn frou Elisabeth van der Horst.

Rietveld chair 1.JPG

Yn 1911 begûn Rietveld syn eigen meubelfabryk, wylst er jûns arsjitektuer studearre. Rietveld ûntwurp de Read Blaue Stoel yn 1917, ûnder ynfloed fan De Styl, dêr't er yn 1919 lid fan waard. Yn datselde jier waard er ek arsjitekt.

Yn 1924 ûntwurp er it Schröderhûs foar en yn gearwurking mei, binnendoararsjitekte Truus Schröder-Schräder. It hûs is boud yn Utert. Mei har boude er yn 1934 noch mear huzen in Utert.

Yn de oarloch hie Rietveld him net oanmeld by de kultuerkeamer sadat er yllegaal trochgean moast mei ûntwerpen.

Nei de oarloch wie der earst net folle belangstelling foar syn wurk, mar mei't yn de jierren fyftich de belangstelling foar de Styl werom kaam krige ek Rietveld wer mear opdrachten, fral foar oerheidgebouwen.