Maarn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Maarn is in doarp yn de gemeente Utertse Heuvelrêch (Utrechtse Heuvelrug) yn Utert, oan de foet fan de lykneamde Utertske Heuvelrêch yn it súdeasten fan de provinsje. De Utertske Heuvelrêch is tsjintwurdich in nasjonaal park. It doarp hat 4.651 ynwenners (2008).

Maarn wie oant 1 jannewaris 2006 in selsstannige gemeente, dêr't ek de kearn Maarsbergen ta hearde.

Túndoarp[bewurkje seksje | edit source]

Maarn hat in bysûnder doarpsgesicht, it saneamde 'Túndoarp', yn 1921 is Túndoarp Maarn boud foar de arbeiders, dy't wurken yn de sânôfgraving fan de Nederlânske Spoarwegen. Dizze huzen binne relatyf lyts, mar hawwe wol in grut túnoerflak. Lykas yn in soad oare plakken yn Nederlân hie ek Maarn ít útgongspunt, dat de arbeiders neist harre lytse leanen fan NS, sels grienten ferbouwe moasten kinne yn harren eigen tún. Fandêr de beneaming 'Túndoarp'. Ten koste fan it bestjoer fan de wenningbouferiening 'Maarn' is yn 2003 nei in fûle striid mei de bewenners besluten om it 'Túndoarp' yn syn hjoeddeiske foarm te behâlden. De huzen dy't dêrnei leech komme troch ferrin wurde renovearre en oanpast oan de hjoeddeiske noarmen en foarskriften, sûnder dat it oansjen oantaaste wurdt. Omdat Maarn it lêste hielendal yntakt bleaune túndoarp is, is der sprake fan dat it opnomd wurdt op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. In befêstiging fan it unike doarpskarakter.

Media[bewurkje seksje | edit source]

De lokale omrop Dorp en streek tv, is rjochte op Maarn, Maarsbergen, Renswoude, Scherpenzeel, Woudenberg, Rhenen en Elst.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Maarn hat in stasjon: Stasjon Maarn.

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

Eardere riedhûs
Eardere riedhûs

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: