Driebergen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Byld yn Driebergs park
Plysjeburo
Klein Zwitserland

Driebergen is in doarp yn de gemeente Driebergen-Rijssenburg yn de provinsje Utert. It leit yn de boskrike omjouwing fan it natoergebiet Nasjonaal Park Utertske Heuvelrêch. It doarp wurdt foar it earst neamd as Thriberghen yn 1159.

Binnen it grûngebiet fan de gemeente lei as enklave it doarp Rijsenburg, stifte yn 1810. Yn de rin fan de jierren is Driebergen mei dizze buorgemeente Rijsenburg fêstgroeid sadat se tegearre sûnt 1931 de gemeente Driebergen-Rijsenburg foarmjen gienen. Yn de rin fan de jierren is Rijsenburg stêdeboukundich hielendal yn Driebergen opgien. It is feitlik in wyk fan Driebergen, mar hat in eigen karakter hâlden. Fan 1964 - 2006 wie Sparrendaal (Driebergen) it represintative riedhûs fan de gemeente.

Driebergen-Rijsenburg is per 1 jannnewaris 2006 gearfoege mei Amerongen, Doorn, Leersum en Maarn ta de nije gemeente Utertse Heuvelrêch.

Berne[bewurkje seksje | edit source]

  • Ria Beckers (2 novimber 1938 - Wadenoijen, 22 maart 2006), GrienLinks-politikus

Eardere boargemasters[bewurkje seksje | edit source]

Driebergen:

  • 1816 - 1847 F.N. van Bern (skout sûnt 1812)
  • 1847 - 1850 C.H. Cordes
  • 1850 - 1874 A.J.U. baron van Wassenaer tot Catwijck
  • 1875 - 1903 Mr. W.H.J. Baron van Heemstra
  • 1903 - 1910 G.C.D. D'Aumale baron van Hardenbroek
  • 1910 - 1925 Jhr. mr. Hector (H.W.L.) de Beaufort
  • 1925 - 1931 Jhr. P.P. de Beaufort