Bunskoat (gemeente)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Bunschoten (gemeente)")
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan Bunskoat yn Utert.
Gemeentehûs Bunskoat

Bunskoat is in gemeente yn de provinsje Utert. De gemeente hat likernôch 19.400 ynwenners en hat in oerflakte fan 35,58 km² (dêrfan 4,21 km² wetter).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Kearnen

De gemeente hat fjouwer ofsjele kearnen: Bunskoat, Iemdyk, Spakenburch en Sânhuzen.

Tal ynwenners per wenkearn op 1 jannewaris 2004:

Bunskoat en
Spakenburch *
19.467 (1 jannewaris 2007)
Iemdyk 840
Sânhuzen ** 200
  • Wêrfan 3.000 yn de kearn Bunskoat en 3.700 yn de kearn Spakenburch
    • Kearn Sânhuzen en omlizzend bûtengebiet

Bunskoat en Spakenburch binne troch ferskate nijbouwiken sa oanelkoar woeksen, dat gjin ûnderskied mear makke wurdt tusken de twa, útsein foar de âlde kearnen fan de twa plakken. Foar de post lizze, bygelyks, alle adressen yn Bunskoat-Spakenburch. Dochs ferskilt it karakter fan de beide plakken dúdlik. Bunskoat, oan de súdkant, wie altyd in boeredoarp, mar hie yn it ferline wol stedsrjochten. Spakenburch hat altyd in fiskersdoarp west, eartiids oan de Sudersee, tsjintwurdich oan de Iemmar.

Karakteristyk foar Bunskoat en Spakenburch binne de oerâlde drachten, hoewol't it dragen hurd minder wurdt. Ek hawwe de doarpen in dúdlik Protestants-Kristlik karakter; benammen de Grifformearde Tsjerken frijmakke hawwe in soad leden.

[bewurkje seksje] Polityk

[bewurkje seksje] Gemeenteried

Utslach fan de gemeenteriedsferkiezing fan 2006:

Gemeenteriedsferkiezing 2006
Partij Stimmen yn % Sitten
KristenUny 39,9 7
Betelber Bunskoat 21,5 4
CDA 20,8 3
Kristlike Arbeiderspartij (CAP) 17,8 3
Opkomst 69,5 17

Utslaggenoersjoch fan de gemeenteriedsferkiezings yn Bunskoat sûnt 1994:

Histoarysk oersjoch gemeenteriedsferkiezings
Partij Stimmen yn % Sitten yn de ried
1994 1998 2002 2006 1994 1998 2002 2006
KristenUny (29,7) (40,2) 39,1 39,9 (5) (7) 6 7
Betelber Bunskoat - - 10,1 21,5 - - 2 4
CDA 17,1 22,3 22,2 20,8 3 4 4 3
Kristlike Arbeiderspartij (CAP) 23,4 20,9 17,8 17,8 4 4 3 3
VVD 9,0 7,4 5,7 - 2 1 1 -
Progressyf-Politike Gearwurking (PPS) 7,2 6,3 5,2 - 1 1 1 -
GPV 29,7 29,6 - - 5 5 - -
RPF - 10,6 - - - 2 - -
SGP - 2,9 - - - 0 - -
Oare partijen (RPF-SGP) 13,6 - - - 2 - - -
Opkomst 79,4 66,9 64,9 69,5 17 17 17 17
  • 2002: GPV & RPF → KristenUny

[bewurkje seksje] Kolleezje fan B en W

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders bestiet (2008) út leden fan de ChristenUnie en Betelber Bunskoat (tegearre 11 fan de 17 sitten).

Yn de perioade 2002-2006 wie der in kolleezje fan B&W dat bestie út de KristenUny, it CDA en de Kristlike Arbeiderspartij (mei-inoar 13 fan de 17 sitten).

[bewurkje seksje] Berne

  • Melis van de Groep (1958), amtner en politikus (by Bunskoat: amtner (1979-1991), riedslid (1994-2002), wethâlder (1997-2006) en boargemaster (sûnt 2006)

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen