Iembrêge
Iembrêge is in buorskip mei stedsrjochten yn de gemeente Baarn op de grins fan de gemeente Iemnes yn Utert.
It is ien fan de lytste plakken mei stedsrjochten. Iembrêge hat, bûten it yn de gemeente Iemnes lizzende diel, 130 ynwenners (2004). Ornaris wurdt it oantsjutten as in doarp of buorskip. Iembrêge leit oan de rivier de Iem.
Op it plak dêr't no Iembrêge leit ûntstie ± 1200 it tsjerkedoarp "Ter Iem", sûnt 1347 fersterke mei it Kastiel Ter Iem. Ut dit doarp wei waard de Iemfallei ûntgûn. Stadichoan liet Iemnes lykwols Ter Iem benefter, wat ynwennertal en ekonomyske aktiviteit oangie. Noch letter feroare de namme fan de delsetting yn Iembrêge, wat ferwiist nei de brêge oer de Iem dêr't de wei fan Baarn nei Bunschoten oerhinne rint. De eardere brêge, dy't út twa 'flappen' bestie (oan beide kanten fan de Iem ien), lei in 150 meter noardliker, by it wite húske rjochts op de foto. De âlde wei kaam út op de dyk nei Iemdyk en Spakenburch/Bunschoten. Foar de oarloch waard hjir ek tol heft. Yn 1960 is de hjoeddeiske brêge boud. Sûnt 2007 wurdt de brêge betsjinne út Weesp wei en is der gjin brêgewachter mear.