Bunskoat (stêd)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Bunschoten (stêd)")
Gean nei: navigaasje, sykje
Buorren
Mûne Bunskoat

Bunskoat (Bunschoten) is in stêd yn de gemeente Bunskoat. Mei Spakenburch der by rekkene hat de stêd 19.400 ynwenners.

Bunskoat en Spakenburch binne troch ferskate nijbouwiken sa oanelkoar groeid, dat, op de âlde kearnen fan de twa plakken nei, gjin ûnderskied tusken de twa plakken mear makke wurdt. Foar de post, bygelyks, lizze alle adressen yn Bunskoat-Spakenburch. Dochs ferskilt it karakter fan de beide plakken dúdlik. Bunskoat, oan de súdkant, wie altyd in boeredoarp, mar hie yn it ferline wol stedsrjochten. Spakenburch hat altyd in fiskersdoarp west, eartiids oan de Sudersee, tsjintwurdich oan de Iemmar.

Karakteristyk foar Bunskoat en Spakenburch binne de oerâlde dracht, hoewol't it dragen hurd minder wurdt. Ek hawwe de doarpen in dúdlik Pprotestantsk-Kristlik karakter; benammen de Grifformearde Tsjerken frijmakke hawwe in soad leden.

Oan de westkant fan de stêd is in soad yndustry. Der leit in nije dyk om de drokte op de âlde dyk troch de stêd te ferminderjen. East fan Bunskoat-Spakenburch is yn 2009 begûn mei in nije wenwyk. Foarby de súdein fan de Doarpsstrjitte stiet it âld molkfabryk 'Eemlandia'. Yn de buorren steane noch in soad opknapte âlde pleatsen dy't ta wenhûs makke binne.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]