Iem

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Iem

De Iem is in rivier yn it noarden fan de provinsje Utert mei in lingte fan hast 18 kilometer.

De âlde (Latynske) namme fan de rivier is Hemus. Dizze namme waard foar it earst brûkt yn in dokumint út it jier 777. De Iem waard eartiids ek wol Amer neamd. Amersfoart krige syn namme troch in 'fuorde' yn dizze Amer.

De Iem wurdt fieden troch it Falleikanaal en in oantal Feluwske beken, wêrfan de Hilligenbergerbeek, de Barneveldske Beek en de Lunterske Beek de wichtichsten binne. Dizze komme by Amersfoart byinoar. De rivier rint dêrnei eastlik fan Soest, Baarn en Iemnes, troch de Iemfallei nei de Iemmar (earder nei de Sudersee). De Iem is ferantwurdlik foar it grutste part fan de ôfwettering fan de Gelderske Fallei. De Iempolders binne lânskiplik fan grutte wearde. De plakken Iemnes, Iemdyk en Iembrêge ûntliene harren namme oan de rivier de Iem.

Troch boaiemsakjen as gefolch fan ûntwettering is de rivier heger te lizzen kaam as it lân der omhinne. By lege wetterstannen yn de simmer wurdt der wetter út de Nederryn troch it Falleikanaal yn de Iem pompt. De Iem is de wichtichste boarne fan de biologyske belesting fan de Iemmar, dat hjirtroch efterbliuwt mei it werstel yn fergelyk mei de oare rânemarren. Der is in grutte ôfname fan de absolute hoemannichte fosfaat en nitraat, mar relatyf besjoen wurdt dit teneate dien troch de ôfnomde hoemannichte wetter yn 2003.

De Iem krige syn namme troch it Iemien, de waarmere perioade tusken de glasialen Saalien en it Weichselien, wêryn de rivier it teiwetter ôffierde.

De Iem wurdt wol de langste rivier fan Nederlân neamd. Langere Nederlânske rivieren hawwe nammentlik of in streamgebiet dat foar in part bûten de lânsgrinzen leit of in mûning yn in oare rivier. De Iem begjint en einiget yn Nederlân.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]