Bauke Roolvink

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bauke Roolvink

Bauke Roolvink (Wytgaard (gem. Ljouwerteradiel), 31 jannewaris 1912 - Baarn, 25 novimber 1979) wie in Nederlâns politikus.

Bauke Roolvink wie in soan fan Dirk Roolvink (1884-1963) en Elske Hoekstra (1880-1970).[1]

De grifformearde Roolvink wie in ARP-politikus. Hy wie in eardere metaalarbeider en fakbûnsbestjoerder, dy't him yn 1959 troch Zijlstra oerhelje liet om steatssekretaris yn it kabinet-De Quay. Earder hie er noch krityk utere op de gearstalling fan dat kabinet. Yn it kabinet-Cals/Vondeling wie er fraksjelieder. Hy stimde tsjin de moasje-Schmelzer, hoewol't er it der ynhâldlik mei iens wie. As minister van Sosjale Saken yn it kabinet-De Jong kaam syn minne ferhâlding mei de fakbeweging ta in djiptepunt nei skeel oer de Leanwet wêrmei't er yngripe koe yn de leanen.
Yn 1971 kaam er werom yn de Twadde Keamer. Yn 1977 naam er ôfskied fan de aktive polityk.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Genealogie online