Beatrix fan de Nederlannen
Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Beatrix fan Nederlân")
Keninginne Beatrix troch Ben van der Geest
Beatrix fan de Nederlannen (Paleis Soestdijk, 31 jannewaris 1938) is de keninginne fan Nederlân sunt 1980.
Beatrix waard berne as earste bern fan Keninginne Juliana en Prins Bernhard fan Lippe Biesterfeld. Op 10 maart 1966 troude se mei Prins Claus von Amsberg. It pear krige trije soannen: Prins Willem-Alexander, Johan Friso en Constantijn. Op 30 april 1980 folge se har mem, Keninginne Juliana op as keninginne fan Nederlân. Beatrix hat as keninginne in protte besites oan Fryslân brocht.