Oerlis:Beatrix fan de Nederlannen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dit liket my net in goed idee: ik leau net dat hjir ien op siket. Fansels wie Keninginne Beätriks / Beatrix it bêst, mar at wy dat net dogge, dan leaver Beatrix fan Nederlân. Fansels is de formele titel oars, mar it koe wêze dat "Beätriks, Keninginne fan de Nederlannen, Prinsesse fan Oranje-Nassau en Lippe-Biesterfeld, Markiezinne fan Feare en Flissings, Grevinne fan Arlee, Bueren, Dyts, Fianden, Kattenearmtakken, Kulemboarch, Leardam, Nozeroai en Spegelberch, Boarchgrevinne fan Antwerpen, Baronesse fan Beilstein, Breda, Dyst, Einhoven, Herstâl, Kranendonk, Iselstein, Lysfjild, Warneton en de stêd Grave en de lannen fan Kuik, Erffrouwe fan it Amelân en Frouwe fan Baarn, Besanson, Borkulo, Bútgenbeek, Daasboarch, Sint Fitus, Geartrudeberch, Ter Iem, Klundert, Ljochtefurd, It Loo, Sintmartensdyk, Montfurd, Nullewyk, Nierfeart, Polanen, Sânbergen, Soest, Stienbergen, Hege en Lege Swel, Turnhout en Willemstêd" net yn de titel past. Dat, dan leaver "fan Nederlân". Mysha

Subjektyf[boarne bewurkje]

Wikipedyänen,

Yn de lêste sin stiet Beatrix hat as keninginne in protte besites oan Fryslân brocht. Wannear is it in protte? By twa kear, tritich kear, hûndert kear? Is dy sin dan net oergryslik subjektyf? Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 1 maaie 2013, 20.38 (CEST)

Nee, mar it is ek net sa oergryslike persys. Hoefaak in protte ek wêze mei, it wie better at wy it dúdliker skriuwen koenen. At it wichtich is dat hja op ofsjele besites oan Fryslân west hat, dan wie it aardich at wy tsientallen kearen of hûnderten kearen of tûzenen kearen sizze koenen. At it tige wichtich is soe der sels in list fan makke wurde kinne. Aliter (talk) 1 maaie 2013, 21.30 (CEST) & 2 maaie 2013, 18.59 (CEST)