Jazz

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Yngong fan it American Jazz Museum yn Kansas City

Mei de term jazz wurdt in op ymprovisaasje basearre muzykstyl bedoeld dy't ûntstien is yn New Orleans út in krúsbestowing fan folk, blues, negro spirituals, ragtime, en klassike muzyk. (It wurd jazz hat dêrby ek noch de bybetsjutting: hiel enerzjike dûns.)

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De skiednis fan wat wy no (2007) jazz neame giet lykwols fierder tebek as de krekt neamde muzykstilen. De wichtichste boarne foar de jazz leit nei alle gedachten yn Afrika. De Afrikanen dy't as slaven nei Amearika brocht waarden, namen ha tradisjonele, sterk ritmyske muzyk mei.

It begjin[bewurkje seksje | edit source]

Op har rûte nei de Feriene Steaten waarden in soad slaven allerearst nei de West-Yndyske eilannen brocht, benammen nei Hispaniola (Haïty en de Dominikaanske Republyk); nei in hoartsje waarden in soad ferkocht yn New Orleans. Se namen har religieusk en muzikaal erfskip mei. De slaven út Santo Domingo (de haadstêd fan de Dominikaanske Republyk, stifte troch de broer fan Christopher Colombus) setten har âlde voodoo-praktiken sûnder feroaring troch yn New Orleans.

Trochdat dy Afrikaanske muzyk en dûnstradysjes dêr ûnder it folk waard it beynfloede troch de Jeropeeske muzyktradysje en oarsom. De unike mei klam oanwêzige ritmyk yn dy dûnsen en in soad oare yngrediïnten kamen byinoar om sa in muzyksoart op te smiten dy't bekend waard as jazz. Saakkundigen binne it der oer iens dat wurkfolk fan de katoenfjilden, blues fan stêd en plattelân, banjostilen fan variétéshows, synkopearre brassbands (fanfarekorpsen) en ragtime (synkopearre dûnsmuzyk) allegearre in wichtige rol spile ha by it ûntsttean fan jazz. De synkopearring (aksintferskowing) as primêr yngrediïnt fan de jazz, ûntjoech him as in ritmyske oanpassing fan de Afrikanen. De synkope wie it meast foar de hân lizzende en bêste substitút foar de komplisearre polyritmyk (de simultane kombinaasje fan kontrastearjende ritmes yn in muzikale komposysje) dy't yntegraal ûnderdiel útmakken fan har muzikaal erfskip. It is dy synkope dy't de muzyk swinge lit.

Jazz, de foarrinner fan de moderne rock and roll hat in hiel ynteressante rol yn de skiednis. De namme jazz komt fan it net mear besteande wurd jass dêr't de seksuele died leech by de grûn mei oantsjut waard. Foar de heiden wie jazz in symptoam fan de glorieuze befrijing fan de knipende bannen fan de moraal. It ûntstie yn de gloppewiken en waard benammen makke foar gebrûk yn sekshuzen: it iene sekshûs besocht it oare in slach foar te wêzen mei de bêste jazz-band. Uteinlik ûntjoech de jazz har ta wat wy hjoed de dei kenne as rock and roll. Al mei al hat de rockmuzyk neat fan har erfskip ferlern op it lange paad fan Babylon, troch Egypte en Afrika, nei Amearika en de rest fan de wrâld; it is allinnich mar yn ferskate jaskes stutsen.

Blues & Ragtime[bewurkje seksje | edit source]

Dy muzyk wie basearre op in fiiftoanige toanljedder. In fiiftoanige (pentatoanyske) toanljedder yn de toansoart C-mineur bestiet út de noaten c-es-f-g-bes. De Afrikaanske muzyk hat in slim pentatoanyske tradysje. Dat wol oars net sizze dat pentatoanyske muzyk earne oars (yn Jeropa, Amearika) net bekend wie.

De slaven dy't op de plantaazjes arbeiden ûntwikkelen in sangstyl dy't as de oarsprong fan wat no blues hjit, oantsjut wurde kin. Oan de fiiftoanige toanljedder waard in noat tafoege, yn it foarbyld foar de toansoart C de fis, dy't letter as de blue note oantsjut wurde soe. Dy blue notes spylje in wichtige rol yn de klankkleur fan wat wy no blues neame.

Muzikanten yn kroegen en sekshuzen (oars gauris ek Afrikanen) waarden ynspirearre troch de 'plantaazjesang' en de ragtime ûntstie, wêrby't oare ynspiraasjebronnen (ynklusyf de klassike Jeropeeske muzyk) ek in rol spilen.

Yn dy begjintiid bestie in jazz band út de folgjende ynstruminten: trompet, tromboane, klarinet, Piano, banjo, kontrabas en slachwurk. Dat is yn rûge halen de standertbesetting bleaun fan de âlde styl jazz band. De banjo waard lette ek wol troch de (elektryske) gitaar ferfongen en benammen yn de begjinperioade wiene faker in tuba of sûsafoan by as in kontrabas.

New Orleans en Dixieland[bewurkje seksje | edit source]

Gauris wurdt 1917 neamd as it stuit dat wat wy no jazz neame begûn: de oprjochting fan it earste blanke jazzorkest, de Original Dixieland Jass Band (tink om de stavering "ss" yn stee fan "zz"). Dat is sûnder mis net wier, want earder as dat blanke orkest wiene der al út Afro-Amerikaanske besteande orkesten aktyf yn New Orleans. Neamd wurde kinne de orkesten fan Joe King Oliver, mei dêryn Louis Armstrong, dy;t sels ek ferskate orkesten oprjochte en late, en Bunk Johnson. Letter gong oaren dêr wer op troch, lykas "Jelly Roll" Morton, dy't himsels - sjoen syn besitekaartsje - de útfiner fan jazz neamde, mar dy't winliken mear troch de ûnderwilens ferdwûne ragtime ynspirearre waard. Noch wer letter kinne dêr nammen as Sidney Bechet en Sidney De Paris oan taheakke wurde. Men soe sizze kinne dat de jazz him by twa paden del lykop ûntjoech: in 'blank' paad en in 'swart' paad. De betide jazz stilen wurde New Orleans (de 'swarte' takke) en Dixieland (de 'blanke' takke) neamd. We ha it hjir oer de tweintiger jierren fan de 20ste ieu.

Jeropeeske jazz[bewurkje seksje | edit source]

De oarspronklike muzikanten yn dy kategory binne Django Reinhardt en Toots Thielemans mei in autentyk Jeropeesk jazzkonsept, wêrby't Thielemans, troch it logysk brûken fan de oarspronklik Jeropeeske trijekwartsmaat wals (û.o. Bluesette), de mooglikheid jûn hat ta it him ûntjaan fan in nije foarm fan Jeropeeske jazz. As ien fan de pear Jeropeeske jazzmuzikanten hat Joe Vanenkhuizen dat konsept tapast troch al syn muzyk konsekwint yn dy maatsoart te komponearjen. Ek Pierre Courbois moat yn dat ferbân perfoarst neamd wurde, hy is ekspêrt op it mêd fan Jeropeeske maatsoarten.

De Swing-era[bewurkje seksje | edit source]

Dizze iere stilen fan de jazz ûntjoegen har yn de tritiger en fjirtiger jierren fan de 20e ieu nei muzyk foar grutte orkesten. Dy fariant wurdt Swing neamd en wurdt spile troch 'big bands' fan 10-20 muzikanten. De grutste nammen yn de swarte line yn dy tiid wie Edward 'Duke' Ellington (Duke Ellington) en Willam 'Count' Basie (Count Basie), en yn de blanke line waard Benny Goodman ien fan de bekendste orkestlieders út de Swing tiid. Underwilens wie jazz mandeguod fan it Amerikaanske en Jeropeeske publyk wurden en wie dy muzyk o sa populêr. De swarte en blanke line wiene byinoarkommen yn dy sin, dat de measte orkesten sawol swarte as blanke muzikanten hiene. Oant nei de Twadde Wrâldkriich fierde de Swing heechtij. Yn de jierren fyftich fan fan de 20e ieu wiene der twa rjochtings te ûnderskieden. Yn it foarste plak kaam de Dixieland werom en der waard yn dy tiid wol praat fan in Dixieland Revival. Alde muzikanten waarden wer aktyf, en dêrnjonken ûntstie in nije generaasje jazzmuzikanten. De jazz waard no net mear allinnich yn en om New Orleans hinne spile, mar troch hiele Amerika, yn Jeropa oars ek. Yn New Orleans bleaune muzikanten as Wilbur De Paris en Sharkey Bonano aktyf. Yn Chicago sette ûnder oaren Eddie Condon (dy't syn wurkterrine letter nei New Orleans ferpleatste) in nije streaming yn gong. Oan de Amerikaanske westkust ûntjoech him in styl dy't wat mear weromfoel op de Ragtime en dy't ek wol Frisco jazz neamd wurd. In pear nammen dy't de ûntjouwing yn gong set hawwe binne Turk Murphy, Bob Scobey (mei de ûnferjitlike banjoïst-sanger Clancey Hayes yn syn orkest) en it orkest fan Disney-meiwurkers The Firehouse Five Plus Two. Yn Nederlân waard op 5 maaie 1945 deDutch Swing College Band oprjochte. Letter folgen ûnder oaren de Down Town Jazz band, New Orleans Syncopators en de Dixieland Pipers.

Bebop[bewurkje seksje | edit source]

De twadde rjochting dy't de jazz út gong fan de fjirtiger jierren fan de 20ste ieu ieu wie de Bebop. Muzikanten as Dizzy Gillespie, John Coltrane en Charles Mingus fûnen de 'âlde styl' te simpel en sochten nei moderne foarmen. De oprjochting fan dy styl wurdt faak oan Charlie Parker taskreaun. De styl waard Bebop neamd foar 't neist nei de hierdracht fan Dizzy Gillespie en hie as skaaimerk it opswypkjend karakter. De term is in saneamd Media:onomatopee; dat wol sizze it neidwaan fan klank. En gauris tapaste rif yn de Bebop is be-bop-be-bop wêrby't de -be- de heechste klank is. De muzykstyl is dus neamd nei it gauris tapaste melodylyntsje. Mei de styl fan it hier hat de term neat te krijen as it om de namme giet. Wol is it sa dat letter in saneamd Bebopkapsel ûntstie. Wat dat mei de echte bebopmuzyk út te stean hat is net dúdlik, want de echte Beboppers hiene altyd in petsje op (en in bril fan hoarn).

Cooljazz[bewurkje seksje | edit source]

Koart dêrnei ûntstie - as reaksje op de opswypkjende bebop - de cooljazz, dêr't Miles Davis ien fan de wichtichste en bekendste fertolkers fan wie (sjoch albums as Birth of the Cool en Kind Of Blue). Ek de muzyk fan Dave Brubeck kin ta dizze styl rekkene wurde. Oare grutte namen dy't hjirmei yn ferbân te bringen mei de 'cooljazz':Chet Baker, The Modern Jazz Quartet en yn Nederlân de sangeressen Ann Burton en Rita Reys.

Hard Bop[bewurkje seksje | edit source]

As mear as dúdlike reaksje op de cooljazz ûntstie de Hard Bop (ek wol Hard Bop Regression neamd). Mei't de cooljazz oan de westkust fan de Feriene Steaten bot oansloech (West Coast Jazz), foaral yn Los Angeles dêr't de filmstudio's festige wiene, hiene de jazzmuzikanten yn New York net folle wurk. Dêrom begûnen hja in nije, ekstraverte jazzstyl te yntrodusearjen dy't fol emoasje siet. De akkoardeskema's waard ienfâldiger, meast bluesskema's, en it driuwende ritme waard wer wichtich (dêrûnder it shuffle-ritme). Der waard in link nei mei Gospelmuzyk, hoewol't Hard Bop nea yn tsjerke spile waard. Dat is werom te finen yn de titels fan echte Hard Bop nûmers as Moanin, The Preacher en The Sermon. Wichtige muzikanten yn de Hard Bop binne û.o. Art Blakey en syn Jazz Messengers, Horace Silver, Clifford Brown, Lee Morgan, Miles Davis, John Coltrane en Sonny Rollins.

Free Jazz[bewurkje seksje | edit source]

Ein fyftiger jierren wiene it Sun Ra en benammen Ornette Coleman dy't mei de free jazz-streaming út ein setten: ien fan de begjinpunten wie Coleman's album Free Jazz (1960); dêr spilen twa kwarten op, elk ien kant fan it stereoknaal, dy't 38 minuten lang ymprovisearren sûnder hokker ôfspraak dan ek. Lettere muzikanten wiene Albert Ayler, John Coltrane en Eric Dolphy. Yn Jeropa foarmen muzikanten har eigen free jazz, de saneamde 'ymprovisearre muzyk' omdat it folle minder jazzeleminten yn him hie; ek wiene der ynfloeden út folk en klassike muzyk te hearren. Ferneamd mei dy muzyk waarden de Nederlânske muzikanten Misha Mengelberg, Willem Breuker en Han Bennink en it ICP-Orchestra (se brûkten en brûke noch hieltyd de term instant composition yn stee fan ymprovisaasje). Wylst de jazz kommersjeel oantreklik blykte te wêzen, ûntstie tagelyk it folle better ferkeapjende fusion (sjoch hjirûnder).

Fusion[bewurkje seksje | edit source]

Oan de ein fan de sechstiger jierren slacht Miles Davis in nij paad yn. Hy mingd mei syn groep jazz mei populêre muzyk, meast rock. Dêrom wurdt fusion ek wol jazzrock neamd. It album Bitches Brew fan Miles Davis wurdt gauris beskôge as it startpunt fan dizze streaming. Muzikanten as John McLaughlin, Herbie Hancock, Chick Corea, Joe Zawinul, Tony Williams dy't allegear mei Miles Davis spilen begjinne mei harren eigen fusion groepen: Lifetime, Mahavishnu Orchestra, Weather Report. Dizze styl bliuwt populêr yn de jierren santich.

It hjoed en de takomst[bewurkje seksje | edit source]

De jazzmuzyk mingde har fan de sechstiger jierren fan de 20ste ieu ôf stadichoan mei populêre muzyk, en ek de bebop- en swing-jazz evoluearret. Tink dêrby oan stilen as neo-bop, nu-jazz, acid-jazz, modern creative en free-jazz. De term jazz stiet no foar in folle breder skala oan muzyksoarten as yn de tritiger en fjirtiger jierren fan de 20ste ieu it gefal wie. Muzyk evolearret, de jazzmuzyk dus ek. Hieltyd nije stilen fan jazz kundigje har oan, likegoed as ûntelbere soarten fan mingfoarmen mei pop, soul, funk en rock. Jazz-fusion en latin-jazz binne dêr foarbylden fan.

Sûnt har der noch mar in bytsje muzikanten west dy't op de âlde stilen (New Orleans en Dixieland) trochborduerden. Trompettist Wynton Marsalis is wol sa'nien, in muzikant dy't de ^dlde New Orleanstradysje yn eare hâldt. Ek is der in libbene scene fan (gauris amateur) muzikanten dy't meiïnoar de jazzmuzyk yn de âlde styl meitsje en der nei harkje.

Wat no (oan it begjin fan de 21ste ieu) jazz neamd wurdt stiet faaks fier ôf fan hoe't it sadwat hûndert jier tebek begûn is. Live-opnames wurde ferkrongen troch de sampler en de kompjûter. Fan de oare kant wurde de tradysjes fan earder yn eare holden troch jong talint dat fan de jazz-opliedings fan de konservatoairums komt. Foar- en tsjinstanners fan dy ûntjouwings binne rûnom te finen en de diskusjes geane der bytiden om wei. Beide kampen ha dan ek goede en plausibele arguminten. Dochs binne wichtige jazz-eleminten noch hieltyd werom te finen yn in soad muzyk fan hjoed de dei. In soad klubs draaie lounge en jazz-dance dêr't jazz-samples yn ferwurke binne. Op dy wize komme de jongere generaasjes yn de kunde mei (ôflaten fan) de jazz, en dat hâldt jazz libben.

Skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

Skaaimerk fan jazz (benammen de modernere farianten) is it fannijs brûken fan allerhande tsjerketoanljedders en it brûken fan komplekse akkoarden; hast elk momint wurdt mei septiem, none, undeciem, tredeciem harmonisearre. 'Keale' akkoarden binne heechst útsûnderlik. Ek wurdt yn jazz folle mear ymprovisearre as yn de measte oare muzykstilen. De measte foarmen fan jazz swinge, dat wol sizze, der wurdt gebrûk makke fan de triolenfeel mei swingende achtsten. Dat hâldt yn dat loopkes fan - op papier - allegear like lang (achtste) noaten sa spile wurde dat de ûneven achtsten sawat twa kear sa lang duorje as de even achtsten. Dat wurdt ek wol opskreaun yn de foarm fan pearen fan in achtste noat mei in punt mei in punt folge troch in sechstjinde noat (tiidferhâlding 3:1 yn stee fan 2:1), mar dat wurdt dan dochs mear spile yn in 2:1 ferhâlding. Jazz is wat Wittgenstein in Typusbegriff neamde: alle skaaimerken fan jazz binne ek yn oare muzyk werom te finen. It is de kombinaasje dy't de echte jazz ûnderskiedt. Grinsgefallen jouwe te tinken: hoe moat de jazz suite fan de klassike komponist Stravinsky pleatst wurde, en hoe de suites foar grut orkest dy't jazzmuzikus Duke Ellington yn syn lettere libben skreau?

In soad yn de jazz brûkte muzykynstruminten[bewurkje seksje | edit source]

In soad ynstruminten kinne foar jazz brûkt wurde, in eksklusyf jazzynstruminten is der winliken net, al binne der wol ynstruminten dy't benammen troch it brûken yn de jazz bekend wurden binne (dan wol meast yn kombinaasje mei in ferneamde bespiler fan sa'n ynstrumint):

banjobasgitaarkontrabaskornetdrumstelhammondorgelklarinetmûlharp (mondharmonica) – pianosaksofoan – semy-akoestyske gitaartromboanetrompetfibrafoan

Ferneamde hjoeddeiske jazzensembles[bewurkje seksje | edit source]

Big Phat Band (USA) – Bob Mintzer Big Band (USA) – Brussels Jazz OrchestraCarla Bley Bigband (USA) – Dave Holland Bigband (USA) – ICP OrchestraJaga Jazzist (No.) – Jazz Orchestra of the Concertgebouw (JOC) (Ned.) – Joe Vanenkhuizen Europeanjazz Trio (Ned.) – Maria Schneider Orchestra (USA) – Mathew Herbert Bigband (UK) – Metropole OrkestNew Cool Collective (Ned.) – SkalbeaggarTetzepiVienna Art Ensemble (Oos.)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

>