Louis Armstrong

Ut Wikipedy
Louis Armstrong

Louis Daniel Armstrong (New Orleans, 4 augustus 1901New York, 6 july 1971) wie in Amerikaansk jazztrompettist, sjonger en entertainer. Syn bynamme wie Satchmo of Satch, in ôfkoarting foar Satchelmouth (budelmûle). Hy wie ek bekend as Dippermouth, krektas Satchmo in referinsje nei syn grutte mûle. Troch freonen en kollega's waard hy meastal oansprutsen mei Pops, in namme dy't hy sels ek foar oaren brûkte (mei útsûndering fan Pops Foster, dy't hy steefêst George neamde).

Hoewol't syn karriêre begûn yn de jierren tweintich, kenne sels hjoeddeiske generaasjes him noch fan nûmers as What a wonderful world, Hello Dolly en It takes two to tango, dy't hy mei syn karakteristike, rauwe stim fertolke.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: