Tuba

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tuba

De tuba is de sammennamme fan de tenoaren ûnder de bassen by de koperblaasynstruminten. Ynstruminten dy't by dy groep hearre binne û.o. de euphonium, de bariton (baritontuba) en de es-bas. It ynstrumint hat trije of fjouwer fentilen, by symfoanyske tuba's gauris fiif en by F-tuba's gauris sels seis. It yndrukken fan de kleppen/fentilen by in tuba fergruttet yn wêzen de lingtefan de brûkte buis, sadat de toan leger wurdt. It twadde fentyl lit de noat in heale toan sakje, it earste fentyl twa heale toanen, it earste en twadde tegearre trije, it twadde en tredde tegearre fjouwer, it earste en it tredde tegearre fiif en alle trije tagelyk meiinoar seis (dat lêste komt komselden foar). It (eventuele) fjirde fentyl lit de toan dalik mei in kwart sakje en wurdt dêrom kwartfentyl neamd.

It nammejaan fan de tuba-eftige ynstruminten is in frijwat lestige saak:

  • Yn ferskate lannen binne betiizjende beneamings geande foar deselde of soartgelikense ynstruminten
  • De boarring (silindrysk/koanysk) en dêrmei de klank kin oanlieding jaan ta in oae namme
  • It tal fentilen/kleppen (3-6) ferskeeld en kin dêrmei oanlieding jaan ta in oare namme
  • De rjochting fan de beker kin omheech of nei foaren stean en kin dêrmei oanlieding jaan ta in oare namme
  • Stimming (C yn symfony-orkest, Bes/Es yn harmony, fanfare en brassband, en yn F foar solo-ynstrumint as kwintet)
  • Ofhinklik fan de regio wurdt itselde ynstrumint soms oars neamd

Adolphe Sax hat yn syn wurk besocht om binnen de trompet/tuba-famylje alle leden in oerienkomstige klankkleur te jaan. Dat hat oan de betizing bydroegen troch der in hiele rige sakshoarns fan pikkolo oant sub-kontrabas neist de besteande trompetten by te meitsjen.

Repertoire[bewurkje seksje | edit source]

Der is net in soad skreaun foar de tuba-famylje as solo-ynstrumint. Earst yn de 20ste ieu wie de tiid der klear foar. Underwilens binne in tal konserty foar it ynstrumint komponearre.