Euphonium

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Euphonium
Twa euphoniums, Besson 700 en Willson.

In eupfonium of eufonium is in koperblaasynstrumint dat famylje fan de bassen is. De euphonium stamt ek ôf fan de bastuba. De bariton (of baritontuba) is in lyksoartich ynstrumint, mar stamt ôf fan de hoarn. Ornaris is de euphonium grutter as de bariton. De euphonium hat trije of fjouwer fentilen, de bariton meast trije al binne der ek mei fjouwer.

De euphonium stiet stimd yn bes en hat in wat swierdere klank as de bariton. Meastentiids hat de euphonium fjouwer fentilen, trije gewoane oan de boppekant dêr't deselde noaten mei spile wurde kinne as op sawat elk oar koperblaasynstrumint. De measte euphoniums ha lykwols in fjirde fentyl oan de sydkant om it ôfstimmen fan beskate noaten better te krijen. It al of net hawwen fan in fjirde fentyl is gjin kritearium foar it ûnderskie tusken euphonium en bariton.

Yn in brassband spylje twa euphoniums, in solo-euphonium en in twadde euphonium. De euphonium spilet in wichtige partij en moat gauris solistyske stikken spylje, mar kin likegoed as begeliedend ynstrumint ynset wurde. De grutte sjarme fan de euphonium is syn sêfte klank en hy hat as foardiel dat er troch it fjirde fentyl in oktaaf leger spylje kin, mar ek hiel maklik de hege noaten rekket.

Ferskil met de bariton[bewurkje seksje | edit source]

De euphonium, dy't ôfstamt fan de bastuba en de barion dy't ôfstamt fan de hoarn lykje in soad op inoar mar binne dochs oars kwa klank en funksje. It ferskil sit him yn de foarm fan it ynstrumint: de euphonium is koanysk boud, de klankbeker ferwidet. De bariton dêrfoaroer is silindrysk boud. De stimbuis fan de euphonium past der troch syn ferbreedzjende foarm mar fan ien rjochting ien wylst dy fan de bariton der yn beide rjochtings ynstutsen wurde kin.