Dominikaanske Republyk

Ut Wikipedy
República Dominicana
Flagge fan Dominikaanske Republyk Wapen fan Dominikaanske Republyk
Flagge Wapen
Lokaasje fan Dominikaanske Republyk
Offisjele taal Spaansk
Haadstêd Santo Domingo
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
48.730 km²
0,7­%
Ynwenners (2004) 8.700.000
Munt Dominikaanske peso (DOP)
Tiidsône UTC -4
Nasjonale feestdei 27 febrewaris
Lânkoade DOM
Ynternet .do
Tillefoan 1809

De Dominikaanske Republyk is in lân yn it Karibysk gebiet en leit op it eilân Hispanjoala. De haadstêd fan de Dominikaanske Republyk is Santo Domingo. De Dominikanen neamen harren lân sels Santo Domingo, nei de haadstêd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de ûntdekking fan it kontinint Amearika troch Kolumbus, wie Hispanjoala ynearsten besit fan Spanje en yn de 18e iuw fan Frankryk. Op 22 augustus 1791 kamen de slaven op Hispanjoala yn opstân tsjin de Frânsken. De troepen dy't Napoleon nei it eilân ta stjoerde waarden yn jannewaris 1804 ferslein. Dêrnei waard it eilân ûnôfhinklik ûnder de namme Haïty. Op 27 febrewaris 1844 makke it eastlik diel fan Hispanjoala har los fan Haïty en rôp de Dominikaanske Republyk út.

Juan Pablo Duarte, Francisco del Rosario en Sanchez Ramón Matías Mella wurde beskôge as de stifters fan de Republyk.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dominikaanske Republyk is 48.730 km² grut en foarmet tegearre mei it yn it westen lizzende Haïty it eilân Hispanjoala. Eastlik leit it eilân Puerto Riko.

De haadstêd Santo Domingo leit yn it suden. In oare bekende stêd is Puerto Plata dat yn it noarden leit en in protte toeristen lûkt. Krekt bûten dizze stêd leit it park Playa Dorada mei in soad lúkse hotels. Doarpen wat fierder nei it easten wêr't ek in soad toeristen komme binne Sosúa en Cabarete.

De grutste mar fan de Dominikaanske republyk is Lago Enriquillo dat 250 km² grut is. It heechste punt is Pico Duarte mei 3175 meter en it leechste punt is Lago Enriquillo dat -46 meter djip is.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dominikaanske befolking is foar 73 persint in griemmank fan minsken mei Afrikaanske, Jeropeeske en Yndiaanske foarâlden. Om-ende-by 16 persint fan de befolking binne fan blanke Jeropeeske, foaral Spaanske komôf en 11 persint fan swart Afrikaanske komôf.

It meastepart fan de befolking, sa'n 95 persint, is Roomsk-Katolyk.