New York (stêd)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "New York City")
Gean nei: navigaasje, sykje
New York (stêd)
NYC Montage 12 by Jleon.jpg
Flagge Wapen
Flag of New York City.svg Seal of New York City.svg
Sifers
Ynwennertal 8.336.697 (2012)
Oerflak 1.213 km² (ynkl. wetter)
784 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 10.640 / km²
Stêdekloft 18.897.109 (2012)
Hichte 10 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of New York.svg New York (steat)
Gemeente New York (stêd)
Oar
Stifting 1624
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Koördinaten 40°40′20″N 73°56′40″W
Webside www.nyc.gov

De stêd New York, of New York City (offisjeel City of New York), en byneamd The Big Apple, is de grutste stêd fan de Feriene Steaten fan Amearika en leit yn de steat New York. De stêd is in sintrum fan ynternasjonale hannel, polityk, kommunikaasje, muzyk, moade en kultuer. Mei in grut tal goede museums, galeryen, poadia, media, ynternasjonale koöperaasjes en gruthannels is New York, njonken, Londen, Parys en Tokio, ien fan de fjouwer wichtichste stêden op 'e wrâld.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De regio hat bewenne west fan de Lenape-Yndianen doe't it yn 1524 ûntdutsen waard troch Giovanni da Verrazzano, in Italjaansk ûntdekkingsreizger yn tsjinst by de Frânske kening, dy't it "Nouvelle-Angoulême" (Nij-Angoulême). It echte kolonisearjen begûn mei de Nederlânske koloanje op itselde plak, dat letter de namme "Nij-Amsterdam" krige, op it súdlike punt fan Manhattan yn 1614. Nederlânsk koloniaal direkteur-generaal Peter Minuit kocht it eilân Manhattan fan de Lenape Indianen yn 1626. Yn 1664 feroveren de Britten de stêd en it krige de nije namme "New York", nei de Ingelske greve fan York en Albany. Oan 'e ein fan de Ingels-Nederlânske kriich krigen de Nederlanners Run (in eilân, dat gâns mear opsmyt as New York), en de Ingelsen Nij Amsterdam (New York). Under Britsk bewâld groeide de hannelstêd. Kening George II stifte yn 1754 de Universiteit fan Colombia yn Lower Manhattan. Yn 'e Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich waard der ek fochten yn 'e stêd, de Amearikanen moasten har lykwols weromlûke, meidat de Britten sterker wienen. It kontinetale kongres kaam yn 'e stêd gear, en George Washington waard yn 1789 keazen as earste presidint fan de Feriene Steaten fan Amearika. New York bleau de haadsted oant 1790

Fort Amsterdam op Manhattan

Lilkens om 'e militêre tsjinstplicht wilens de Amerikaanske Boargerkriich (1861-1865) liede ta opskuor yn 1863, ien fan 'e slimste foarfallen boargerûnresten yn 'e Amerikaanske skiednis. Yn 1868 krige de City of New York stal mei it konsolidearjen fan Brooklyn (foarhinne in selsstannige stêd), Manhattan en lytsere gemeenten. Mei de komst fan de metro yn 1904 wie de stêd ferbûn. Yn 'e earste helte fan de 20e ieu waard de stêd wrâldferneamd om har yndustry, kommersy, en kommunikaasje.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard New York de wichtichste stêd op 'e wrâld, mei Wall Street as symboal foar de Amerikaanske ekonomyske macht. Yn 1952 waard it haadkertier fan 'e Feriene Naasjes boud yn New York, hjirtroch waard de stêd in polityk sintrum fan belang. Troch it grutter wurden fan it Abstrakt ekspresjonisme yn New York, ferlear Parys de titel 'keunstsintrum fan 'e wrâld'.

Op 11 septimber 2001 waard de stêd troffen troch terroristyske oanslaggen, wêrby't sa'n 3,000 minsken stoaren en de World Trade Center ferneatige waard. De Freedom Tower komt op it plak fan it World Trade Center, en sil yn 2010 klear wêze.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

New York City, leit yn 'e steat New York, en hat sa'n 8 miljoen minsken op likernôch 800 km². Dat is it sintrum fan de New York Metropolitan Area, ien fan de grutste stêdekloften op 'e wrâld, mei mear as 22 miljoen minsken. New York City hat fiif stêdsdielen ("boroughs"): Brooklyn, the Bronx, Manhattan, Queens en Staten Island - dêr't elts op himsels wol in grutte stêd fan wêze kinne soe. Yn 'e stêd hawwe ymmigranten mei 180 nasjonaliteiten har nei wenjen set. Dêrmei is it ien fan de meast kosmopolityske plakjes op ierde. De grutste groepen binne Joaden, Italjanen, Sinezen, Latino's, Iren en Afro-Amerikanen. In stikmannich út Aazje hat har yn Chinatown, Manhattan nei wenjen set.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Fan de befolking is 11,7 % âlder as 65 jier. 31,9 % is in ienpersoanshúshâlding. De wurkleazens bedraacht 5,7 % (boarne; folkstelling 2000). Likernôch 27 % fan de befolking fan New York City binne Hispanic of Latino, 26,6 % is komt fan Afrika, en 9,8 % fan Aazje. It tal ynwenners woeks fan 7.322.564 yn 1990 nei 8.008.278 in 2000. No is it tal ynwenners op 'e rûs 8,214,426.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

New York leit oan de eastkust fan de F.S. yn 'e Baai fan New York, dêr't de rivieren de Hudson rivier en de East Rivers yn 'e Atlantyske Oseaan streamt. Trochsneed hichte fan it lân is 6 meter boppe seenivo. It sintrum fan 'e stêd leit op Manhattan, dat tusken de Hudson en East Rivers leit. Om de rivieren hinne lizze de oare stêdsdielen. De stêd hat in oerflak fan 785.6 km².

Yndieling[bewurkje seksje | edit source]

New York hat fiif stêdsdistrikten The Bronx, Queens, Brooklyn (Kings County), Manhattan (New York County) en Staten Island. It eilân Manhattan is it sintrum fan de wrâldstêd wurden. Om Manhattan hinne lizze trije rivieren: de Hudson yn 't westen, de East River yn 't easten, en de Harlem River yn 't noarden. Manhattan is troch brêgen ferbûn mei Brooklyn, Queens, en de Bronx, en ek mei de steat New Jersey oan de oarekant fan de Hudson.

De fiif boroughs: 1: Manhattan, 2: Brooklyn, 3: Queens, 4: The Bronx, 5: Staten Island
  • The Bronx (ynw. 1,364,566) is New York City's meast noardlike stêdsdistrikt. It Yankee Stadium, dêr't de New York Yankees spylje, en it plak fan de grutste huzenkloft yn de Feriene Steaten dy't koöperatyf eigendom is, Co-op City. Utsein in stikje Manhattan dat bekend is as Marble Hill, is de Bronx it ienichste stikje fêstelân fan de stêd dat in diel is fan de Feriene Steaten. Yn 'e Bronx is rap en de hiphop kultuer ûntstien.
  • Brooklyn (ynw. 2,511,408) is it stêdsdiel dêr't de minsken it tichtst op inoar wenje, en wie oant 1898 ta in selsstannige stêd. Brooklyn is bekend om syn kultureel, sosjaal en etnysk ferskaat, in eigen keunst krite, aparte buorskippen en in unike arsjitektuer. De borough hat in wiid strân en Coney Island, dat yn 1870 stifte is wie it earste ferdivedaasje plak fan it lân.
  • Queens (ynw. 2,256,576) is nei oerflak it grutste borough mei it grutste etnyske ferskaat yn 'e Feriene Steaten. It is it ienichste diel fan de Feriene Steaten dêr't de swarte befolking mear fertsjinnet, likernôch $52,000 yn 't jier, as de wite befolking. Queens hat it Shea Stadium, dêr't de New York Mets spylje, en wêr't alle jierren it U.S. Iepen tennis toernoai organisearre wurd.

Klimaat[bewurkje seksje | edit source]

Alhoewol't New York op 'e selde poalhichte leit as de waarmere Jeropeeske stêden Napels en Madrid, hat it dochs in sêft kontinintaal klimaat mei kâlde lucht fan it Noard Amearikaanske kontinent. Winterdeis bliuwt it der wat waarmer as oare stêden dy't mear yn 't binnenlân lizze, der falt sa'n 63.5 oant 88.9 sm snie yn 't jier. New York hat in froast-frije rite fan 199 dagen twisken de winters. Yn 'e Maitiid en hjerst kin der wolris snie lizze of it is waarm en fochtich, mar it kin likegoed kâld en reineftich wêze. Simmerdeis is it der waarm en fochtich mei in trochsneed temeratuer fan 32 °C.

Moanne Jan Feb Maa Apr Maa Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Yn 't jier
Trochsneed temp. heech °C 3 4 10 15 22 27 30 29 24 18 12 6
17
Trochsneed temp. leech °C -4 -3 2 7 12 17 20 19 16 10 5 -1
8
Reinfal mm 86 84 99 102 112 95 112 104 99 91 127 99
1,124
Boarne: Weatherbase

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

New York is it wichtichste sakensintrum fan Amearika. De wichtichste oandielenbeurs fan de wrâld, de New York Stock Exchange, mar ek de NASDAQ, binne yn New York fêstige. Wall Street is it finansjele sintrum fan Manhattan De stêd is ekonomysk ek fan ynternasjonaal belang, der binne mear haadkertieren fan de Fortune 500 bedriuwen as yn oare dielen fan de Feriene Steaten. Toerisme smyt ek in soad op foar New York. Yn 2003 wiene der 37.8 miljoen toeristen, wêrfan 4.8 miljoen út it bûtenlân kaam (boarne: New York Convention & Visitors Bureau).

Stêdsbyld[bewurkje seksje | edit source]

Sicht út it suden wei fan de 'Top of the Rock' yn it tsjuster
Sicht út it noarden wei fan de 'Top of the Rock' oer it Central Park

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Commons Commons: New York City – foto, fideo en harktriemmen