Napels (stêd)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kaart fan de Golf fan Napels
Napels en de Fesuvius 2003

Napels (Italjaansk: Napoli; Napolitaansk: Napule) is de tredde stêd fan Itaalje, en de grutste fan Mezzogiorno (Súd-Itaalje). Napels is ek haadstêd fan de Kampanje (Campania) en fan de provinsje Napels. Yn en om de stêd hinne wenje sa'n 3 miljoen minsken.

Napels beskikt oer in rike skiednis, keunst en kultuer, in wrâldferneamde keuken en in eigen dialekt, it Napolitaansk.

[bewurkje seksje] Lizzing

Napels leit oan see, oan de Golf fan Napels. Fan de stêd ôf kin men oer it wetter de fulkaan de Fesuvius lizzen sjen, dêr't oan de foet de ruïnes fan Pompei en Herkulaneum lizze.

[bewurkje seksje] Ferneamde keuken

Op it mêd fan iten en drinken nimt Napels in foaroansteande posysje yn. In protte typyske Italjaanske gerjochten komme út dizze stêd, lykas pizza, Italjaansk iis, espresso en spagetty.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen