Vesuvius (fulkaan)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Vesuvius

De Vesuvius is in fulkaan oan de westkust fan Itaalje ten súdeasten fan Napels. De namme "Vesuvius" komt fan it Oskysk "fesf", wat reek betsjut. De fulkaan leit yn de flakte fan Campanië, hat in trochsneed fan 8 kilometer en is 1281 meter hoog. De Vesuvius is in stratofulkaan; strato- komt fan stratum, Latyn foar 'leech'. In stratofulkaan bestiet út in ôfwikseling fan lagen jiske en lava, dy't yn de twa stadia fan in útbarsting fan dit type fulkaan foarme wurde.

De Vesuvius is ien fan de 16 Decade Volcanoes dy't oanwiisd binne troch de IAVCEI yn ferbân mei har skiednis fan grutte útbarstings en de tichtby lizzende bewenne gebieten.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen