George Washington

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


George Washington, 1795
George Washington

George Washington (Westmoreland, Firginia, 22 febrewaris 1732 - Mount Vernon, Firginia, 14 desimber 1799) is de earste presidint fan de Feriene Steaten. Tidens Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich wie hy oerbefelhawwer fan it leger fan de koloanjes.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

George Washington wie fan Ingelske komôf en berne yn in planter famylje. Hy fertsjinne syn strepen yn de striid tsjin de Frânsken (1754-1755) en kaam yn 1775 as ôffurdige fan de steat Ferginia yn it Nasjonaal Kongres. Hy wie belutsen by de fredesbesprekkingen mei de Frânsken yn 1778 dat ta in ferbûn mei har liede soe.

Doe't de Amerikaanske revolúsje yn 1785 útbruts waard hy troch de Amerikanen beneamd as oerbefelhawwer fan it revolúsjonêre leger yn de ûnôfhinklikenskriich tsjin de Britske striidkrêften. Dizze oarloch waard lang-om-let troch de Amerikanen wûn.

George Washington waard ferkeazen as earste presidint fan Amearika. Fan 1789 oant 1797 soe hy twa terminen efteryn presidint wêze. Dêrnei luts hy him werom út de polityk.