Stêdekloft

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De grutste stêdekloft fan 'e wrâld, Tokio, nachts

In stêdekloft of metropoal (Gryksk μήτηρ mētēr = mem, πόλις pólis = stêd) is in agglomeraasje, dy't bestiet út in tige grutte stêd mei de omlizzende stedsgebieten, wêr ûnder foarstêden en it perifere ommelân dêromhinne dat net perfoarst stedsk is, mar wêrfan de ynwenners oan de stêd ferbûn binne troch wurk. Dat ommelân wurdt ek wol forinzegebiet neamd. Hjirtroch kin it oantal ynwenners fan in stêdekloft in stik grutter wêze as dat fan de stêd sels.

Grutste metropoalen fan de wrâld[bewurkje seksje | edit source]

Rang Metropoal, namme gebiet Lân Befolking (skatting)
1 Tokio Japan 36.500.000
2 Meksiko-Stêd Meksiko 22.100.000
3 Seoel Súd-Korea 21.700.000
4 Bombay Yndia 19.500.000
5 São Paulo Brazylje 19.100.000