Jakarta
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
| Jakarta | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 9.580.000(2010) | |
| Oerflak | metropoal 740.28 km² | |
| Befolkingstichtens | 14464,08 km² | |
| Stêdekloft | 26.600.000 ynwenners | |
| Hichte | 7 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Yndoneezje | |
| provinsje | Jakarta | |
| eilân | Java | |
| Oar | ||
| Koördinaten | ||
| Webside | Jakarta (toeristysk webstee) | |
Jakarta is haadstêd en setel fan de regearing fan de Republyk Yndoneezje. It wie eartiids ek bekend as Sunda Kelapa (397–1527), Jayakarta (1527–1619), Batavia (1619–1942), en Djakarta (1942–1972). De stêd leit op de noardwestkust fan it eilân Java.
Skiednis [bewurkje seksje]
Jakarta waard foar it earst bewenne yn de 4e ieu en hiet oarspronklik Sunda Kelapa. Yn de 14e ieu wie de stêd in wichtige haven foar it Keninkryk Sunda. Troch Fatahillah waard de stêd ferovere en werneamd yn Jayakarta (op 22 juny 1527), hokker datum as de offisjele stiftingsdatum fan de stêd jildt.
Jan Pieterszoon Coen ferovere de stêd foar de VOC en ferneatige it. Op de resten liet er in festing en nije stêd bouwe. Ynearsten woe hy de stêd nei syn bertestêd Hoarn ferneame litte, mar de hearen XVII, de heechste bestjoerders fan de VOC, beslueten oars. It waard Batavia neamd en hâlde dy namme oant 1942, it jier dat Nederlânsk-Ynje beset waard troch Japanse troepen. Batavia waard doe Djakarta.
Nei de ôfhinklikheid fan Yndoneezje, waard Djakarta, letter Jarkara neamd, haadstêd fan de nije steat.
Berne yn Jakarta/Batavia [bewurkje seksje]
- Pieter Mijer (3 juny 1812), Nederlânske politikus.
- Eddy de Neve (2 jannewaris 1885), Nederlânske fuotballer.
- Caro van Eyck (27 novimber 1915) echte namme Gerarda Teutelboom, aktrise.
- Hella Haasse (2 febrewaris 1918, 20u55), Nederlânske skriuwster.
- Frans Tutuhatunewa (26 juny 1923), presidint yn ballingskip fan de RMS.
- Ingeborg Uyt den Boogaard (18 april 1930), Nederlânsk aktrise.
- Tonke Dragt (12 novimber 1930), Nederlânske skriuwster.
- Yvonne Keuls (17 desimber 1931), Nederlânske skriuwster.
- Mischa de Vreede (1936), Nederlânske skriuwster.
- Ben Bot (21 novimber 1937), Nederlânske diplomaat en âld-minister fan Bûtenlânske Saken.
- Jeroen Brouwers (30 april 1940), Nederlânske skriuwer.
- Ruud de Wolff (12 maaie 1941), Nederlânske muzikant en lid fan de Blue Diamonds.
- Boudewijn de Groot (20 maaie 1944), Nederlânske sjonger.
- Selma Leydesdorff (7 novimber 1949), Nederlânske heechlearaar.
- Mia Audina Tjiptawan (22 augustus 1979), Nederlânsk/Yndonezyske badmintonster.