Java (eilân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Java

Java is in eilân yn de Republyk Yndoneezje. It eilân is 132.000 km² grut en hat mear as 114 miljoen ynwenners. Dêrmei is it meast tichtbefolke eilân fan Yndoneezje mei trochstrings 864 minsken de fjouwerkante kilometer.

Haadstêd en tagelyk residinsje fan it lân, Jakarta, leit oan de noard-westkust fan Java. Jakarta mei de foarstêden wurdt meastentiids de Jabotabek neamd, in gearfoegen foar Jakarta - Bogor - Tangerang - Bekasi. Yn dizze stedenkloft wenne ûngefear 20 miljoen minsken. Jakarta stêd sels hat in bewenningstal fan 10 miljoen.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Java foarmet ûnderdiel fan de 6000 kilometer lange Soendabôge, in eilânrige dy't rint fan de Andamanen ôf oant de Molukken.

Sumatra leit noardwestlike fan it eilân, en Baly leit eastlik dêrfan. Yn it noard-noardeasten leit Borneo, noardeastlik Selebes. Yn it suden lizze Kristmaseilân en Kokoseilannen dy't by Austraalje hearre. Oan de noardkant fan Java leit de Javasee, oan de súdkant de Yndyske Oseaan.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | edit source]

Java bestiet út fjouwer provinsjes:

Fierders is er in spesjaal gebiet; Jogjakarta (dat de status fan provinsje hat) en in spesjaal haadsteedlik gebiet; Jakarta, dat allyksa de status fan provinsje hat. Der bestean plannen foar de oprjochting fan noch twa nije provinsjes; Sirebon en Surakarta.

Talen[bewurkje seksje | edit source]

Taalkundige kaart fan Java

Op Java wurde in oantal talen sprutsen, Javaansk, Maleisysk, Soendaneesk, Madoereesk en Balysk (sjoch kaart), troch respektivelik Javanen, Orang Betawy, Soendanezen, Madoerezen en Balinezen.

Nijsgjirrich op Java[bewurkje seksje | edit source]