Timpel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In timpel is in gebou foar de útoefening fan godstsjinst.

Kristendom[bewurkje seksje | edit source]

De timpel fan it Kristendom is de tsjerke.

Islam[bewurkje seksje | edit source]

De timpel fan de Islam is de moskee.

Natoerreligys[bewurkje seksje | edit source]

De measte natoerreligys meitsje gjin gebrûk fan timpels of oare godshuzen; se hâlde harren earetsjinsten gewoan yn 'e iepen loft, yn 'e hûs of yn in tinte. Dat wol net sizze dat yn natoerreligys timpels hielendal net foarkomme.

Sa bouden de Maya's, fan Belize, Guatemala en súdlik Meksiko, en de Azteken fan sintraal Meksiko, foar't se yn kontakt kamen mei de Jeropeänen, ûntsachlike piramiden en grutte timpels, dy't sjoen waarden as stylearre foarmen fan hillige bergen. En by de folken fan 'e Pueblo-kultuer, fan 'e Amerikaanske steaten Nij Meksiko en Arizona, wie it sintrum fan it doarp, sawol boukundich as religieus, de Kiva, in spesjaal fertrek foar yndividuële en mienskiplike religieuze rituëlen.

Op Hawaiï waarden timpels boud fan lavastien, en fierwei de measte wienen wijd oan de rein- en fruchtberensgod Lono of oan 'e oarlochsgod Kukailimoku. Yn sa'n timpel, in heiau, stienen û.m. houten goadebylden, de kii. Mear nei it suden ta, op Tahity, waarden de goaden oanbean yn iepenlofttimpels. Sa'n timpel, in marae, bestie út in rjochthoekich pleinn mei in piramidefoarmich platfoarm. Der waarden û.m. feesten, spirituële seremoanjes, dûnsen, muzykútfierings en offerrituëlen holden. Alle marae fan Tahity en de measte heiau fan Hawaiï waarden ferneatige troch warbere Westerske misjonarissen, dy't fan 'e midden fan 'e 19e ieu ôf de eilannen fan 'e Stille Súdsee berikten.

De Navajo, út 'e Amerikaanske steaten Nij-Meksiko en Arizona, bouwe gjin timpels, mar hawwe in hiel aparte manear ûntwikkele om mei de goaden te kommunisearjen, nammentlik troch it meitsjen fan saneamde sântekenings. Sântekenings binne tydlike skilderijen fan droege en mealde materialen, dy't binnendoar op 'e flier makke wurde. Se byldzje it Hillige Folk út en tsjinje as alter. Der binne mear as achthûndert ferskillende, minusjeus fêststelde sântekenings, elk ferbûn mei beskate hillige lieten, gebedens en seremoanjes.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • G. Bendure en N. Friary, Hawaii, Hawthorn, 1997.
  • A. Borsboom en A. Ploeg, Stille Zuidzee, Amsterdam/De Haach, 1992.
  • T. Brosnahan en N. Keller, Guatamala, Belize & Yucatán - La Ruta Maya, Hawthorn, 1997.
  • Indianen - De oorspronkelijke bewoners van Noord-Amerika, ûnder redaksje fan R. Collins, Amsterdam, 1995.
  • C. Fuentes, De Spaanse erfenis - Vijf eeuwen Spaanse invloeden in Latijns Amerika, Houten, 1992.
  • J. Noble en oaren, Mexico, Hawthorn, 1998.
  • R. Rachowiecki, Southwest USA - Arizona, Nij Meksiko, Utah, Hawthorn, 1995.
  • T. Wheeler en J.B. Carillet, Tahiti & French Polynesia, Hawthorn, 1997.
  • M. Wood, Op Zoek naar de Bronnen van Onze Beschaving, Utert, 1993.
  • H. Wouters, Volken en Stammen - Noord-Amerika, Amsterdam, 1974.