Nij-Delly

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nij-Delly
New Delhi / नई दिल्ली
Fan boppe ôf mei de klok mei: Lotus Temple, Tombe fan Humayun, Connaught Place, Akshardham timpel en Yndiapoarte
Fan boppe ôf mei de klok mei: Lotus Temple, Tombe fan Humayun, Connaught Place, Akshardham timpel en Yndiapoarte
Sifers
Ynwennertal 294.725 (2011)
Oerflak 42,7 km²
Befolkingstichtens 9.294/ km²
Stêdekloft 13.850.507
Hichte 216 m
Polityk
Lân Yndia
Territoarium Delhi
Distrikt New Delhi
Oar
*Simmertiid IST (UTC+5:30)
Detaillearre kaart fan Nij-Delly

Nij-Delly (Ingelsk: New Delhi) is de haadstêd fan Yndia. Nij-Delly is ek in gemeente en in distrikt fan it Nasjonaal Haadstêdlik Territorium fan Dely, en foarmet mei de stêd Dely en in oantal lytsere stêden ien steedlik gebiet. Meastentiids wurde yn Yndia de beide stêden tegearre Delhi neamd. De gemeente Nij-Delly hat in oerflak fan 42,7 km² en 294.783 ynwenners (2001[1]). It distrikt Nij-Delly hat in oerflak fan 35 km² en 171.806 ynwenners (2001[1]).

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Nij-Delly is yn 1912 troch de Britten stifte om de nije haadstêd fan Britsk-Ynje te wurden. De stêd wie offisjeel klear yn 1929 en waard yn 1931 as haadstêd yn gebrûk nomd. Fan 1912 - 1931 wie Delhi de tydlike haadstêd; oant 1912 wie Kalkutta de haadstêd.

Stedsbyld[bewurkje seksje | edit source]

Meidat Nij-Delly in planmjittich oanleine Britske stêd is, hat de stêd in opfallend Britsk-koloniaal uterlik, dit yn tsjinstelling ta it folle gruttere en âldere Delly. De stêd hat ek inkele grutte parken, nei Britsk foarbyld. It resultaat is dat de haadstêd fan Yndia it minste op in Yndiaaske stêd liket wat arsjitektuer en stedsplanning oanbelanget.

Bestjoer en yndieling[bewurkje seksje | edit source]

De gemeente Nij-Delly wurdt bestjoerd troch de New Delhi Municipal Council (NDMC). De gemeente Nij-Delly komt lykwols net hielendal oerien mei it lykneamde distrikt Nij-Delly. Neffens de folkstelling fan 2001 wenje der yn it distrikt Nij-Delly totaal 171.806 ynwenners,[2]. 157.881 dêrfan wenne yn de gemeente Nij-Delly en 13.925 yn de gemeente Delly. De gemeente Nij-Delly is fierder ek ferspraat oer de distrikten Sintraal (3490 ynw.), Súdwest (89.943 ynw.) en Súd (43.469 ynw.).

Residinsje fan de presidint fan Yndia

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. 1,0 1,1 Census van 1 maart 2001 (via archive.org)
  2. Census 2001 (fia educationforallinindia.com)