Dronryp
Dronryp is in doarp yn de gemeente Menameradiel, súd fan Menaam. It is it grutste doarp yn de gemeente, mei likernôch 3.250 ynwenners (2004). De Alde Wite is de byldbepalende tsjerke fan it doarp.
Dronryp leit oan de autosnelwei de A31 tusken Ljouwert en Frjentsjer. It doarp hat in stasjon oan it spoar Ljouwert-Harns Haven.
By it doarp steane in trijetal poldermûnen De Puollen (1850), Kingmatille (1870) en de Hatsumermûne (1878).
Ynhâld |
Schatzenburg [bewurkje seksje]
Oan de Eastryp stiet it bûtenplak Schatzenburg, ek wol Brantsmastate fan foar 1698. It hat û.o. bewenne west troch Johannes Lambertus Huber, Hermanus Huber, Cornelis Martinus Haersma en dr. Assuerus Quaestius.
Oorbiet [bewurkje seksje]
Oan It Tichelwurk stiet it hûs fan de direkteur fan it ôfbrutsen stienfabryk. Op in tinkstien steane twa fjochtsjende manlju mei de tekst:
Door de Nyt wordt Twist Geboren
Door Gebyt Dit Oir Verloren
Neffens it ferhaal soene twa soannen fan de slothear fan Grut Heerema spul krigen om in famke. By in fjochterij soe de iene by de oar in ear ôfbiten ha. De stienfabryk soe dêrtroch de namme Oorbiet krigen hawwe.
Mienskip [bewurkje seksje]
De ynwenners neame harsels geregeld "Rypsters". Yn oerlis mei de bewenners is in Doarpsfisy opsteld fan 2006-2011. It doarp hat trije basisskoallen: De Romte, It Anker en Sint Radbodus. Der is in iepenbiere bibleteek. Foar senioaren is der it soarchstipepunt Drenningahof en Stifting 'It Palet'. Foar de jongerein wie der jeugdsintrum Interije. It doarpsblêd hjit ‘De Gearfetter’. Alle jierren is hjir de Rypster Merke, de grutste doarpsmerke fan Noard-Nederlân.
Ferienings [bewurkje seksje]
- Fuotbalferiening Dronryp
- It Nut -
- d'Alde Wite - aktiviteiten
- Sjirk de Wal - keatsen
- Brenningahof - biljerten
- DOS Dronrijp - gymnastyk
- DSVS - follybal
- Gezelligheid Troef - bridge
- Studio Si Nan Ju - Tangsudo
- De Alve Oksen - karnavalsferiening
- Hâld Moed - toaniel
Bekende Rypsters [bewurkje seksje]
- Sir Lawrence Alma Tadema
- Eise Eisinga
- Michael Jan de Goeje, oriïntalist en arabist (1836-1909)
- Hermanus Huber
- Elizabeth Huber-de Hertoghe
- Johannes Lambertus Huber
- dr. Assuerus Quaestius
Befolking [bewurkje seksje]
Berne yn Dronryp [bewurkje seksje]
- Douwe fan Glins (1573), Frysk frijheidsstrider
- Petrus Schotanus à Sterringa (1601), keunstskilder
- Eise Eisinga (1744), astronoom
- Laurens Alma Tadema (1836), keunstskilder
- Cornelis Boersma (1901), keatspublisist
- Theo Lambooij (1901), musikus
- Willem van Althuis (1926), byldzjend keunstner
Strjitten [bewurkje seksje]
Alle strjitten yn Dronryp.