Jaïnisme

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jaïnflagge troch Jaume Ollé mei swastika of svastika.
Jaïn-timpel yn Wilrijk.

It jaïnisme, dat tradisjoneel as jain dharma bekendstiet, is in âlde Yndiaske religy dy't sûnt iere tiden as ûnôfhinklik leauwe en filosofy jildt. It wichtichste geskrift is de Tattvartha Sutra. Jaïnisme hat fan begjin ôf wichtich west foar de Yndiaaske kultuer en hie ynfloed op de Yndiaaske filosofy, keunst, arsjitektuer, wittenskippen en polityk en hat ek bydroegen ta it geweldleaze Yndiaaske ônôfhinklikheidsstribjen fan Mahatma Ghandi.

Oanhingers[bewurkje seksje | edit source]

Mei ûngefear 8 oant 10 miljoen oanhingers, is it jaïnisme ien ian de lytste wichtige wrâldreligys. Der binne sawat 6000 jaïnyske nonnen en 2500 jaïnyske muontsen - de maste muontsen en nonnen binne lid fan Shvetambar. De grutste oanhing wennet yn it Yndiaaske gebiet Punjab, benammen yn de stêd Ludiana. Der wienen ek in soad jaïnisten yn Lahore (de histoaryske haadstêd fan Punjab) en oare stêden foar de Ferdieling fan 1947 yn Yndia en Pakistan. In soad ferhuzen doe nei it Yndiaaske diel fan Punjab. Yn Yndia hawwe de folgelingen fan it jaïnisme de famyljename Jain. As ien fan bûten de leauwensminskip tatreedt, feroaret hy syn famyljenamme yn Jain. Jaïnisten sille der alles oan dwaan om harren bern mei leauwensgenoaten trouwe te litten. Yn Wilrijk, in dielgemeente fan Antwerpen, is de grutste jaïn-timpel bûten Yndia boud, dy't yn augustus 2010 yn gebrûk nomd is.

Swastika[bewurkje seksje | edit source]

It hillichste Jaïnsymboal is de rjochtswizende swastika. Jaïnleauwigen hawwe de gewoante om fan losse ryskerrels swastika-symboalen te meitsjen om it alter fan harren timpel. Linkswizende swastika's, lykas yn it boedisme, wurden yn de Jaïnreligy net brûkt. It swastika-symboal is sûnt 3000 f.Kr. yn Yndia yn gebrûk

Klean[bewurkje seksje | edit source]

As Svetambara Jains rituelen dogge, drage se doeken, muhapatti, oer harren mûle en noas om te foarkommen dat der flibe op teksten of hillige ôfbylden falt.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: