Muonts

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In muonts

In muonts of mûnts is ien dy't him fanút syn godstsjinstige oertsjûging bûten de maatskippij ophâld. It wurd komt út it Gryksk μοναχος (monachos) en betsjut sokswat as 'de útsûnderlike', 'de folmakke' of 'allinnich'. Muontsen libbe fanút harren eigen spesjale libbenynfulling en wenje byïnoar yn in kleaster of abdij. Sy hâlde in eigen spesjale dei yndieling derop nei dy't folslein wije is oan oefening en beöefening fan harren religy.

De oefening yn religy krijt ûnder oaren foarm yn assese. Assese is it safolle mooglik opjouwe fan lichemlike geneuchten en se sizze dat muontsen dêrtroch in gruttere geastlike groei berike kinne. De beöefening fan de religy krijt foarm yn de mystyk; de geastlike gewaarwurding giet dan oer de eigen lichemlike begrinze hinne, al dan net gearstald mei it godlike.

In froulike muonts wurdt oantsjutten mei de beneaming 'non', wylst suster ek wol gebrûklik is. Sawol by it boedisme, it hindoeïsme as yn it kristendom komme muontsen en nonnen foar. In muonts dy't yn ôfsûndering libbet wurdt ek wol in heremyt neamd.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen