Mystyk

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje

Mystiek hâldt meastentiids yn: 'heimsinnich, ferburgen of riedseleftich', mar kin ek in oare mear djippere betsjutting hawwe en hat dan mear te krijen mei belibjen of stribjen nei ienheid mei God troch fuortendaliks erfaren, yntuysje, of ynsjoch. Yn dizze lêste betsjutting wurdt de niget ta mystyk ek wol oantsjutten as mystisisme.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skaaimerken

Mystike erfaringen hawwe mien, dat de eigen persoanlikheid min ofte mear ferdwynt en de wrâld as ien gehiel erfaren wurdt. De mystikus besiket himsels te ferienigen mei it Alwêzen, dêr't er him as it wiere mei oer in grins hinne stekt fan it gewoane waarnimme of bewust wêze.

[bewurkje seksje] Aktive en passive mystike erfaring

Der bestean natuerlike en religieuske mystike erfarings. Natuerlike mystike erfarings binne bygelyks, it gefoel dat erfaren wurdt by ienwêzen mei de natuer op in lange boskkuier. Dat soarte erfaringen binne fan in hiel oar aard as de religieusk mystike erfarings, foaral omdat hja passyf binne. Meastentiids 'oerkomt' soks ien sûnder dat dy de erfaring sels neistribbet. Natuerlike mystike erfarings wurde net beskôge as religieuske erfarings omdat se net ferbûn binne mei in tradysje. It binne lykwols al spirituele erfarings en kinne in djipgeande ynfloed hawwe op de persoan sels.

Religieusk mystike erfarings binne faak folle aktiver as de passyf natuerlike erfaring, omdat de mystike erfaring oproppen wurde kin troch gebed, kontemplaasje of meditaasje.

Fierders kinnen neffens guons in mystike erfaring opwekt wurde troch it brûken fan psychedelyske drugs, krektas LSD of paddo's. Yn in protte net-westerske kultueren wie (en is) gebrûk fan dat soarte middelen in wichtich ûnderdiel fan de religy.

[bewurkje seksje] Mystyk en rationalisme

De mystiek stiet meastentiids heaks op rasjonele wize ferwurven wittenskiplike kennis. De reden hjirfoar leit him yn it folsleine karakter fan de mystike erfaring. Fanút rasjonele hoeke sjoen is der in probleem, omdat mystike kennis net ferifiearre wurde kin. Sadwaande is mystike kennis hiel bot persoanlik, mar net folslein ûnwier.

[bewurkje seksje] Foarmen fan mystike kennis

Mystyk kin dus faak betsjutte it op ien of oare wize yn ferbining besykje te kommen mei God, it godlike of it boppenatuerlike, of it berikken fan in djippe steat fan meditaasje (krektas jhanas) en spirituele realisaasjes (krektas Nirvana). Meastentiids bart dit troch middel fan gebed, beskôging of meditaasje. Yn oare gefallen is sprake subjektive erfarings fan boppenatuerlike aard, ofwol kontakt mei in oare wurklikheid as de gewoane. Dizze kontakten kinne mear of minder yntinsyf wêze. Al neigeraden de ôfstân ta it boppe-ierdske kinne sokke erfarings útien rinne fan in ienfâldich besef fan it hegere oant-en-mei in heftige ekstaze, bûten himsels trede of in yntinse godlike gewaarwurding.

[bewurkje seksje] Bekende mystisy

De Mystyk en minsken mei mystike erfaringen komme troch de hiele skiednis foar:

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings