Molukken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kaart fan de Molukken.

De Molukken is in arsjipel besteande út likernôch tûzen eilannen yn Yndoneezje, it is in part fan de Yndonesyske Arsjipel. It leit eastlik fan Sulawesi, westlik fan Nij-Guinee en noardlik fan Timor. Geografysk sjoen is it gebiet ûnderdiel fan Melaneezje, mar polityk is it fan Yndoneezje. It gebiet beslacht likernôch 74.505 kante kilometer, der wenje sa’n 2 miljoen minsken.

De measte eilannen fan de Molukken binne bercheftich, guon mei aktive fulkanen. Se hawwe in wiet klimaat. Der is in grut ferskaat yn fegetaasje op de smelle en lytse eilannen, sa is der reinwâld, sago, rys, en in soad speserijen as nútmuskaat en krûdnagel. De ynwenners wienen oarspronklik Melaneesk, mar in grut part fan de populaasje waard fermoarde yn de 17e ieu, benammen op de Banda Eilannen.

Fan 1950 oant 1999 wienen de Molukken in eigen provinsje. Yn 1999 de Noard-Molukken en Halmahera Tengah regintskippen waarden ôfsplitst as in selsstannige provinsje, dat de eilannen binne no twa provinsjes, Molukken en Noard-Molukken.

Tusken 1999 en 2002 wie it gebiet bekend troch de religieuze konflikten tusken moslims en kristenen. Oarsaak hjir fan wie ûnder oare de komt fan minsken fan Java, dy’t fan oare, ticht befolke eilannen fan Yndoneezje, nei it gebiet kamen. Op de Molukken is likernôch de helte fan it kristlik leauwe, wylst it meastepart fan Yndoneezje moslim is. Tusken de Molukkers ûnderling hat it nea in probleem west, mar mei de komst fan de strangere Javanen rûn it dochs út de hân. Yn de lêste jierren is it rêstich tusken de befolkingsgroepen.

Namme[bewurkje seksje | edit source]

De namme is nei alle gedachten ôflaat fan Jazirat al-Muluk, of wol Eilân fan de Keningen, in namme dy’t Arabyske hannelers oan dizze eilannen jûn hawwe.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

De Molukken binne ferdield yn twa provinsjes, dy’t wer ûnderferdield binne in fierdere eilannegroepen.

  • Noard-Molukken
    • Halmahera
    • Ternate
    • Tidore
    • Batjaneilannen
    • Obi-eilannen
    • Sûla-eilannen
    • Bakan
    • Morotai
  • Molukken
    • Ambon
    • Seram
    • Bûrû
    • Kei Eilannen
    • Arû Eilannen
    • Banda Eilannen
    • Tanimbar Eilannen
    • Babar Eilannen
    • Kisar
    • Leti Eilannen
    • Wetar

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De earste bewizen fan minsklike bewenning binne likernôch 32.000 jier âld, mar fynsten fan eardere bewenning yn Austraalje kin betsjutte dat de Molukken al earder bewenne wiene. Yn it begjin fan de 16e ieu kamen de Portegezen oan yn it gebiet. Se kamen dêr foar de hannel yn speserijen, dêrfoar waard dizze hannel dien troch de Arabieren. Hast in ieu letter, oan de ein fan de 16e ieu kamen de Nederlanners yn it gebiet oan. Dizzen namen it gebiet oer yn gearwurking mei de lokale befolking en yn 1605 waard Frederik Houtman foar de Feriene Eastyndyske Kompanjy de earste Nederlânske gûverneur fan Ambon. Dêrnei hat Ambon koarte tiid yn hannen west fan de Spanjerts en fan 1810 oant 1816 ek noch fan de Britten. It wie dêrnei oant it ûnôfhinklik wurden fan Yndoneezje in Nederlânske koloanje.

Nei it ûnôfhinklik wurden fan Yndoneezje waard yn 1950 de Republyk fan de Súd-Molukken stifte. Mar nei 17 jier fan striid tsjin Yndoneezje waarden de Molukken oermastere troch Yndoneezje.