Ray Charles

Ut Wikipedy
Ray Charles oan de piano

Ray Charles, Ray Charles Robinson (23 septimber 1930, Albany - 10 juny 2004, Beverly Hills), wie in Amerikaanske sjonger/pianist dy't de Rhythm en Blues mei grutmakke hat.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ray Charles syn sicht naam fan syn fiifde jier ôf en doe't er 7 wie, waard er folslein blyn. Hy gie yn Floarida nei in bysûndere skoalle foar dôve en bline bern. Dêr learde er brailje, en hy learde der ek ferskate ynstruminten te bespyljen. Wylst er dêr op skoalle wie, kaam, doe't Charles 14 wie, syn mem te ferstjerren.

Nei't er de skoalle ferlitten hie, wurke Charles as muzikant. Earst wurke er yn Floarida mar letter ferhuze er nei de steat Washington. Hy begûn al gauweftich mei it meitsjen fan opnamen en skoarde syn earste hit mei "Baby, Let Me Hold Your Hand" (1951). Hy ferkoarte syn namme, Ray Charles Robinson, ta Ray Charles, om betizing foar te kommen mei de bokser Sugar Ray Robinson.

Yn de begjinjierren waard Ray Charles sterk beynfloede troch Nat King Cole en Charles Brown. Syn earste opnamen wienen feitlik net mear as knappe ymitaasjes fan syn foarbylden, mar yn de rin fan de jierren soe er in tige werkenbere eigen styl ûntwikkelje.

Hy wie in fenomenaal muzykman, dy't yn de perioade 1960-1966 tolve Grammy Awards wûn hat. Ray Charles is opnaam yn net allinnich de Jazz Hall of Fame, mar ek de Rock and Roll Hall of Fame, de Blues Foundation Hall of Fame, de Blues Hall of Fame, de Songwriters' Hall of Fame, de Grammy Hall of Fame, de Georgia Music Hall of Fame, de Florida Artists Hall of Fame en de Playboy Hall of Fame.

In pear grutte suksessen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Baby, Don't You Cry
  • Crying Time
  • Georgia on My Mind
  • Hit the Road Jack
  • I Can't Stop Loving You
  • Swanee River Rock
  • You Are My Sunshine

Blues Brothers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ray Charles spile ek mei yn de film The Blues Brothers, dêr't er de rol spile fan eigner en meiwurker fan Ray's Music Exchange en dêr't er Shake Your Tailfeather sjongt.

Film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2004 is ûnder de titel "Ray" in film oer it libben fan Ray Charles makke, mei Jamie Foxx yn de haadrol.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]