Grammy Award

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Een Grammy Award

De Grammy Awards (oarspronklik Gramophone Awards neamd) wurde yn it generaal beskôge as ien fan de wichtichste muzykprizen fan de wrâld, fergelykber mei de Oscars foar de filmwrâld. De ûnderskiedings wurde alle jierren yn de Feriene Steaten troch de National Academy of Recording Arts and Sciences (NARAS) utrikt om artistike en technyske prestaasjes op it mêd fan muzyk te earjen. De sjury bestiet út artysten en profesjonele muzyktechnisy. Sy meitsje in kar út de nominearden: muzikanten, artysten, arranzjeurs, tekstskriuwers, produsinten, diriginten, komponisten en muziektechnisy yn gâns kategoryen. Der is ek in kategory 'sputsen wurd'; ferneamde politikussen lykas Jesse Jackson, Franklin D. Roosevelt, Martin Luther King en Hillary Clinton hawwe ea in Grammy yn dy kategory krigen.

Kategoryën[bewurkje seksje | edit source]

It tal kategoryën wikselet hast alle jierren. Maitiid 2011 makke de Grammy-organisaasje wrâldkundich dat it tal kategoryen fan ôf 2012 bot beheind wurde soe. Yn 2011 waarden noch yn 109 kategoryen prizen tagekend, yn 2012 wienen dat noch mar 78. Neffens NARAS wie dy reörganisaasjedich meidat de mjitstêven yn guon katgoryen net hieldendal dúdlik wiene, of dat fer foar sommige kategoryen ienfâldich te minn produksjes ynstjoerd waarden. Ferskate kategoryen waarden doe kombinearre, bygelyks dy foar Best Male Pop Performance en Best Female Pop Performance waard Best Pop Solo Performance.

Foar de útrikking fan 2013 waard it tal kategoryen dochs wer útwreide nei 81.

Yn 2013 wurde de prizen yn de folgjende kategoryenn ferdield:


(Alle prizen wurde takend oan útfierende artyst(en), útsein: (K) = komponist(en), (A) = arranzjeur)

(It ferskil tusken Record of the Year en Song of the Year is: 'Record' giet om de technyske kwaliteit fan de opname, wylst it by 'Song' yn it foarste plak om de kwaliteit fan de komposysje giet)

  • Pop
    • Best Pop Solo Performance
    • Best Pop Duo/Group Performance
    • Best Pop Instrumental Album
    • Best Pop Vocal Album
  • Dance/Electronica
    • Best Dance Recording
    • Best Dance/Electronica Album
  • Rock
    • Best Rock Performance
    • Best Hard Rock/Metal Performance
    • Best Rock Song (K)
    • Best Rock Album
  • Alternative
    • Best Alternative Music Album
  • R&B
    • Best R&B Performance
    • Best Traditional R&B Performance
    • Best R&B Song (C)
    • Best Urban Contemporary Album (nij yn 2013)
    • Best R&B Album
  • Rap
    • Best Rap Performance
    • Best Rap/Sung Collaboration (foar oparbeidzjen mei/duet tusken in rapper en in sjonger of groep)
    • Best Rap Song (K)
    • Best Rap Album
  • Country
    • Best Country Solo Performance
    • Best Country Duo/Group Performance
    • Best Country Song (K)
    • Best Country Album


  • Jazz
    • Best Improvised Jazz Solo
    • Best Jazz Vocal Album
    • Best Jazz Instrumental Album
    • Best Large Jazz Ensemble Album (foar bigbands en grutte jazzgroepen)
    • Best Latin Jazz Album (nij yn 2013)


  • Gospel
    • Best Gospel/Contemporary Christian Music Performance
    • Best Gospel Song (K)
    • Best Contemporary Christian Music Song (K)
    • Best Gospel Album
    • Best Contemporary Christian Music Album
  • Latin
    • Best Latin Pop Album (nij yn 2013)
    • Best Latin Rock, Urban or Alternative Album
    • Best Regional Mexican Music Album (foar Tejano- en Meksikaanske folksmuzyk, lykas mariachi)
    • Best Banda or Norteño Album
    • Best Tropical Latin Album



  • Sprutsen Wurd (Spoken Word)
    • Best Spoken Word Album
  • Comedy
    • Best Comedy Album
  • Musicals
    • Best Musical Theater Album


  • Fisuele Media
    • Best Compilation Soundtrack for Visual Media
    • Best Score Soundtrack for Visual Media (foar orzjynele muzyk dy't foar in film, tv-programma, dvd of fideogame makke is)
    • Best Song Written for Visual Media (K)


  • Komposysjes/Arrangeminten
    • Best Instrumental Composition (K)
    • Best Instrumental Arrangement (A)
    • Best Instrumental Arrangement Accompanying Vocalist(s) (A)


  • Hoezen
    • Best Recording Package (foar hoesûntwerpers)
    • Best Boxed or Special Limited Edition Package (foar hoesûntwerpers)
    • Best Album Notes (foar skriuwers fan hoesteksten)


  • Histoarysk materiaal
    • Best Historical Album


  • Produksje (net-klassyk)
    • Best Engineered Album, Non-Classical (foar technisy)
    • Producer of the Year, Non-Classical (foar producer[s])
    • Best Remixed Recording, Non-Classical (foar [re]mixer[s])


  • Surround Sound
    • Best Surround Sound Album


  • Produksje (klassyk)
    • Best Engineered Album (Classical) (foar technisy)
    • Producer of the Year, Classical (foar produsint[en])


  • Klassike Muzyk
    • Best Orchestral Performance
    • Best Opera Recording
    • Best Choral Performance
    • Best Chamber Music/Small Ensemble Performance (foar lytse muzykselskippen – ûnder de 24 leden – lykas kombo's en keamermuzykensembles)
    • Best Classical Instrumental Solo
    • Best Classical Vocal Solo
    • Best Classical Compendium (nij yn 2013)
    • Best Contemporary Classical Composition (K)


  • Muzykfideo
    • Best Short Form Music Video (foar de gewoane fideoclips)
    • Best Long Form Music Video (foar muzykdokumentêres en konsertferfilmings)

Records[bewurkje seksje | edit source]

* = Artiest heat yn 2013 ien of mear Grammy's oan syn/har totaal taheakke (dy binne meirekkene yn it totaal tal wûne prizen)

Mei de measte Grammy's

Mei de measte Grammy's op ien jûn

Measte nominaasjes sûnder winnen

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]