Idaho

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
State of Idaho
Vlag van Idaho Gjin wapen
Map of USA highlighting Idaho.png
Ofkoarting ID
Haadstêd Boise
Tiidsône -7 / -8
Algemien
Oerflakte 216.632
Befolking 1.393.262
Oare ynformaasje
Tatreden 3 july 1890
Oantal countys 44

Idaho is ien fan de steaten fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Boise.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It gebiet dat tsjintwurdich Idaho hjit waard eartiids befolke troch Yndianestammen as de Nez Perce. Yn de steat binne noch hieltyd inkele grutte Yndianereservaten.

Idaho makke diel út fan it Oregon territoarium, in gebiet dat yn 1846 formeel by de Feriene Steaten kaam te hearren.

Op 4 maart 1863 tekene de destiidske presidint Abraham Lincoln in wet dy't it Idahoterritorium skeppe soe. Op dat stuit wie de befolking noch mar sa'n 17.000 minsken grut. In protte loeken dêr lykwols wol trochhinne op wei nei de westkust, benammen tidens Kalifornyske Gold Rush fan 1849.

Doe't yn 1866 yn Idaho sels goud fûn waard, brocht de yn datselde jier klear kommen trânskontinintale spoarline in protte minsken nei de regio. Op 3 july 1890 waard it talitten as 43e steat fan de Feriene Steaten. Op dat stuit wennen der al 88.548 minsken.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Idaho is 216.632 km² grut. It noarden leit yn de Pasifik tiidsône, it suden yn de Mountain-tiidsône. Yn it noarden grinzet Idaho oan Kanada, en dêr omhinne lizze de Amerikaanske steaten Washington, Oregon, Montana, Wyoming, Nevada en Utah.

Wetterfal yn de Snake Rivier (Idaho)

De wichtichste rivier is de Snake Rivier, dy't in part fan de grins foarmet mei Washington en Oregon. De grutste marren binne Coeur d'Alene Lake, Lake Pend Oreille, Bear Lake en it American Falls Reservoir.

In grut diel fan it bercheftige Idaho wurdt yn beslach nommen troch de Rocky Mountains, mei de top fan Borah Peak (3859 m) as heechste punt. De steat beskikt oer prachtige natuergebieten, lykas de lava fan Craters of the Moon, de Hells Canyon, dy't djipper is as de Grand Canyon, en de Balanced Rock. Ek it ferneamde nasjonaal park Yellowstone leit yn Idaho.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | edit source]

Idaho is ûnderferparte yn 44 county's.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]