Indiana
|
|
||||
![]() |
||||
| Ofkoarting | IN | |||
| Haadstêd | Indianapolis | |||
| Tiidsône | -5 / -6 | |||
| Algemien | ||||
|---|---|---|---|---|
| Oerflakte | 94.321 | |||
| Befolking | 6.237.569 | |||
| Oare ynformaasje | ||||
| Tatreden | 11 desimber 1816 | |||
| Oantal countys | 92 | |||
Indiana is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Indianapolis.
[bewurkje seksje] Skiednis
Eartiids waard Indiana befolke troch in grut ferskaat oan Yndiane-stammen. De namme betsjut dan ek "Lân fan de Yndianen". Nei de ûntdekking fan Amerika troch Kolumbus kamen de Jeropeanen. Oant it midden fan de 18e ieu hienen yearsten de Frânsken kontrôle, dêrnei kaam it yn Ingelske hannen. Op 11 desimber 1816 waard Indiana de 19e steat fan de Feriene Steaten. Tidens de Amerikaanske boargeroarloch stie it oan de side fan de Uny.
De Ynwenners wurde al sûnt de jierren tritich fan de 19e ieu Hoosiers neamd. Oer de oarsprong fan dizze namme besteane útinoar rinnende teoryen.
[bewurkje seksje] Geografy en klimaat
De steat Indiana is 94.321 km² grut en leit foar in grut part yn de Eastern tiidsône, útsein it noardwesten, dat ta de Sintral tiidsône heart. Indiana grinzet yn it noarden oan de steat Michigan, yn it westen oan Illinois, yn it easten oan Ohio en yn it suden oan Kentucky. It leit oan it Michiganmar. De hiele súdgrins wurdt foarme troch de rivier de Ohio. De steat is frij flak; it heechste punt leit mar 383 meter boppe seenivo.
Indiana beskikt oer in fochtich lânklimaat mei hite fochtige simmers en koele oant kâlde winters.
